Skip to main content

De kultus fan 'e Fryske Frijheid (1450-1750)

Kultuer yn iermodern Fryslân

Dit projekt wol in begrypsskiednis fan ’e Fryske Frijheid bringe. De Fryske Frijheid wie in konsept dat weromgriep op it midsiuwske en fierdere ferline fan it gewest. Doe hiene de Friezen gjin gesach boppe harren dulde. Yn 1417 lieten se dy Frijheid ek plechtich yn in privileezje befêstigje troch keizer Sigismond. Mar yn ’e lette fyftjinde en iere sechtjinde iuw waard Fryslân dochs noch stadichoan yn it Bourgondysk-Habsburchske lannekompleks opnommen. Mei de Opstân hiene de Friezen harren Frijheid weromwûn. Wol moasten se dy dêrnei yn alhiel feroare omstannichheden foarmjaan. Dit projekt giet nei wat de Fryske Frijheid betsjutte yn ’e tiid fan ’e yntegraasje yn ’e Bourgondysk-Habsburchske romte, út hokker boarnen gelearden putten om him te rekonstruearjen, hoe’t sy it begryp yn harren historiografyske produksje ferwurden, hokker ynfloed it hie op ’e byldfoarming oer de Friezen en hokker plak Fryslân beklaaide yn ’e ynternasjonale geleardekultuer.

 

Undersykstema
Kultuer yn iermodern Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Cools

Meiwurkers
dr. Jacob van Sluis (Tresoar) 

 

Rintiid
01/01/2016-

Finansiere troch
Fryske Akademy

Gearwurkingsferbân mei 
Tresoar & KU Leuven

Gearfetting

Iermoderne Friezen ferwiisden faak nei har ferneamde Frijheid. Dêrmei bedoelden se dat se gjin gesach boppe har dulden. Dat privileezje holden se nei’t sein waard sûnt minskeheugenis, mar wie oan ’e ein fan ’e fyftjinde iuw, doe’t de Saksyske hartoggen Fryslân anneksearren, ferlern gien. Yn ’e dêropfolgjende desennia lieten sy en har Habsburchske opfolgers har gesach jilde en waard ferwoeden besocht om te sintralisearjen. Dochs bleau it oantinken oan de ferlerne Frijheid springlibben. Friezen fierden it werombringen dêrfan oan as motivaasje foar har dielnimmen oan ’e Nederlânske Opstân. Hoe’t dat yn ’e praktyk foarmjûn wurde moast, blykte minder ienfâldich. De ferlerne Frijheid kaam net samar werom, yntellektuelen rekonstruearren him. Dit projekt wol neigean hoe’t dat proses yn syn wurk gie en hokker impact it hie op ’e iermoderne Fryske politike kultuer. It biedt in begrypsskiednis fan ’e Fryske Frijheid.

Dêrta wurde ferskillende dielprojekten opset. Yn it bysûnder giet de oandacht út nei: de tradysje fan lânsskiedskriuwers, de antikwaryske beweging yn Fryslân, de stereotypearring fan Friezen yn pamfletten en de (ynternasjonale) oanlûkingskrêft fan ’e Frjentsjerter universiteit.

Frijheid wie in weromkearend motyf yn ’e iermoderne Fryske historiografy. Yn ’e tiid fan ’e Opstân skreaune militêren fan beide kanten it sukses fan ’e rebellen ta oan ’e oanberne frijheidssin fan ’e Friezen. Dêrnei speurden skiedskriuwers dy’t yn opdracht fan ’e steaten wurken nei de oarsprong fan dy frijheidssin. Dêrby kreëarren se in oertsjûgjend, mar mytysk ferline.

Dat mytysk ferline stuolle ûnder oaren op archeologyske restanten fan ’e midsiuwske hannelsdelsettingen en op it oerlibjen fan ’e Fryske taal. Binnen- en bûtenlânske antikwaren rapportearren entûsjast oer beide fenomenen. Se droegen by oan de reputaasje fan Fryslân as in perifear gewest dêr’t âlde tradysjes oerlibben.

Soartgelikense stereotypearringen fan Friezen binne ek werom te finen yn tal fan santjinde- en achttjinde-iuwske dialoochpamfletten. Oan ’e iene kant dielden de Friezen yn ’e wolfeart fan ’e Gouden Iuw, oan ’e oare kant jilden se as bûtenlju dêr’t de nijerwetske stêdlike beskaving oan foarby gien wie. Omdat sokke pamfletten opset wiene as libbensechte teäterstikjes, stiene dy teksten ticht by iermoderne sprektaal.

De kwaliteit fan ’e Frjentsjerter universiteit droech ek by oan de (ynter)nasjonale reputaasje fan Fryslân. De stêd jilde as in relatyf beskieden, mar net ûnbelangryk knooppunt yn it netwurk fan ’e geleardewrâld. Studinten en professoaren út alle dielen fan Noard- en protestantsk-Europa diene de stêd oan by harren peregrinatio academica. Sy makken Frjentsjer, yn it skaad fan Amsterdam en Leien, ta ien fan ’e belangrikere printsintra yn ’e Republyk.

 

Beëage resultaten

  • Yn ’e hjerst fan 2017 sil de Fryske Akademy yn gearwurking mei Tresoar in ynternasjonaal kongres oer regionale frijheden yn Europeesk ferlykjend perspektyf organisearje. Dêr sil in kongresbondel út fuortkomme.
  • Wittenskiplike publikaasjes yn nasjonale en ynternasjonale tydskriften en bondels.
  • Syntetisearjende monografy.

 

Publikaasjes

H. Cools, ‘A Tuscan travel party amongst the Frisian natives. The day trip of prince Cosimo to Stavoren and Molkwerum. 26 June 1669’, in Incontri. Rivista Europea di Studi Italiani, 30.2 (2015), 80-90.

H. Cools, ‘Some Italian voices on Dutch liberties, 1560s-1640s’, in P. Brood & R. Kubben eds., The Act of Abjuration. Inspired and Inspirational. Twelve Authors on One of the Highlights of the Nationaal Archief of the Netherlands, Nijmegen (Wolf Legal Publishers), 2011, 107-117.

B. Boute, H. Cools & M.A. Visceglia eds., Fiandre e Italia tra monarchia universale e Stati territoriali: cultura politica e dinamiche sociali (themanummer van Dimensioni e problemi della ricerca storica, 2009 nr. 2), 231 pp.

S. Gunn, D. Grummitt & H. Cools, ‘War and the State in Early Modern Europe: Widening the Debate’, in: War in History, 15 (2008), 371-388.

S. Gunn, D. Grummitt & H. Cools, War, State and Society in England and the Netherlands, 1477-1559, Oxford etc. (Oxford University Press), 2007, 395 pp.

H. Cools, Mannen met macht. Edellieden en de Moderne Staat in de Bourgondisch-Habsburgse Landen. ca. 1475 – ca. 1530, Zutphen (Walburg Pers), 2001, 415 pp.

 

Lêzingen

H. Cools, ‘Recuperata libertas Frisia: Frisian political culture and the Dutch Revolt’, lezing gehouden op 19 november 2015 in Leuven tijdens het vijfde Arenberg congres voor geschiedenis Borders & Barriers in and beyond the Habsburg World: A Transregional Perspective

H. Cools, ‘Guicciardini e le corografie olandesi del XVII secolo’, lezing gehouden op 12 november 2015 in Rome tijdens het congres Lodovico Guicciardini nell’Europa del Cinquecento. Letteratura, Arte e Geografia tra Italia e Paesi Bassi.

H. Cools, ‘Everard van Reyd (1550-1602). Founding father of the historiography on the Dutch Revolt’, lezing gehouden op 23 oktober 2015 te Vancouver tijdens de Sixteenth Century Studies Conference.

H. Cools, ‘Les chroniqueurs républicains de la première génération de la Révolte des Pays-Bas’, lezing gehouden op 6 februari 2015 in Leuven tijdens de workshop S’écrire en temps de guerre.