Skip to main content

Ljouwerter hofkultuer yn ’e tiid fan ’e Republyk

Kultuer yn iermodern Fryslân

Dit projekt wol de Ljouwerter hofkultuer yn ynternasjonaal, ferlykjend perspektyf bestudearje. De steedhâlders fan ’e noardlike gewesten residearren meastentiids yn Ljouwert. Mar it libben oan it hof bleau dêr altyd fan beskieden alluere. De Fryske steedhâlders wiene ommers net mear as tsjinners fan ’e Steaten en har foarnaamste besittingen leine earne oars. Mear noch as yn ’e oare Nederlânske gewesten beheinden de Fryske Steaten de spylromte fan har steedhâlders. Wol wiisden se regintessen oan wannear’t de beëage steedhâlders noch minderjierrich wiene. Yn dit projekt wurdt ûndersocht wêr’t it Ljouwerter hof krekt ta tsjinne en hokker funksjes oft it ferfolle. 

 

Undersykstema
Kultuer yn iermodern Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Cools

Meiwurkers
dr. Hanno Brand 

 

Rintiid
01/01/2016-

Finansiere troch
Fryske Akademy

Gearwurkingsferbân mei 
Huygens ING & Tresoar

Gearfetting

Ljouwert profilearret himsels as Oranjestêd. Dochs witte wy noch hieltyd net folle oer it Ljouwerter hoflibben. Wol binne Willem Freark (1613-1664) en syn omjouwing wiidweidich bestudearre. Syn publisearre deiboeknotysjes biede in unyk ynsjoch op ’e tinkwrâld fan in santjinde-iuwske aristokraat. Mar de oare leden fan ’e dynasty bleaune ûnderbeljochte.

Dochs foarmet it Ljouwerter hof in ynteressante kasus. Willem Loadewyk (1560-1620) sette dêr ommers út it neat wei in hofhâlding op. Mar hy en syn opfolgers wiene yn Ljouwert mar tsjinners fan ’e Steaten. Sterker noch, it wie de steedhâlders ferbean yn Fryslân grûn te besitten. Beide partijen fielden dus de needsaak by plechtige barrens har respektyflike rollen te markearjen. Sa is it opfallend dat hoewol’t it Dútske graafskip Dietz it titelgoed fan it geslacht bleau en it dêr syn oansjen wei helle, de steedhâlders en har neiste famyljeleden derfoar keazen har yn Ljouwert begrave te litten. Har útfearten waarden lykwols troch de Steaten regissearre. In earste punt fan omtinken by dit projekt is dan ek in krekte analyze fan dy en soartgelikense ‘liiflike’ plechtichheden, lykas doopsels en houliken. Dat sil dúdlik meitsje hokker oanspraken oft de Fryske steedhâlders krekt koesteren en hoe’t se dy stilearren.

Mear noch as de oanklaaiïng fan plechtichheden wie de kar fan gaadlike houlikspartners krúsjaal foar de inoar opfolgjende greven fan Nassau-Dietz. Allinne sa koene se har fan foldwaande status ferwissigje om it amt fan steedhâlder ek foar de neikommende generaasjes te behâlden. Boppedat namen dy froulju nei’t se widdo wurden wiene, oars as bygelyks yn Hollân en Seelân, yn ’e twadde helte fan ’e santjinde en yn ’e achttjinde iuw geregeld it steedhâlderskip foar har minderjierrige soannen of beppesizzers waar. Ferskillende froulju fan steedhâlders hiene ek eigen, troch it piëtisme ynjûn, religieuze foarkarren en se patronearren de keunsten. Sa bea Albertine Agnes (1634-1696) as widdo fan Willem Freark yn it rampjier wjerstân oan ’e ynfallen fan bûtenlânske troepen en joech se inkelde jierren letter de opdracht ta de bou fan paleis Oranjewâld.

It is dus ûnmooglik it belang fan it Ljouwerter hof goed yn te skatten sûnder omtinken te jaan oan ’e froulju fan ’e Fryske steedhâlders. Om takomstich ûndersyk dêrnei te stimulearjen sil yn earste ynstânsje de briefwiksel fan dy froulju digitaal tagonklik makke wurde en dat yn gearwurking mei it KNAW-susterynstitút Huygens ING (benammen dr. Ineke Huysman) en Early Modern Letters Online (University of Oxford).

 

Beëage resultaten

  • Digitaal tagonklik meitsjen fan ’e korrespondinsje fan ’e froulju fan ’e Fryske steedhâlders (y.g.m. Huygens ING).
  • Wittenskiplike publikaasjes yn nasjonale en ynternasjonale tydskriften en bondels.

 

Publikaasjes

É. Bousmar & H. Cools, ‘Le corps du prince dans les anciens Pays-Bas. De l’État Bourguignon à la Révolte’, in Micrologus. Nature, Sciences and Medieval Societies, 22 (2014), 253-295.

H. Cools, ‘Uitvaarten als intredes. De scenografie van de successie bij aristocratische begrafenissen in de Bourgondisch-Habsburgse landen en in de jonge Republiek’, in M. Damen & L. Sicking eds., Bourgondië voorbij. De Nederlanden 1250-1650. Liber alumnorum Wim Blockmans, Hilversum (Verloren), 2010, 193-206.

S. Gunn, D. Grummitt & H. Cools, War, State and Society in England and the Netherlands, 1477-1559, Oxford etc. (Oxford University Press), 2007, 395 pp.

H. Cools, ‘The Burgundian-Habsburg court as a military institution from Charles the Bold to Philip II’, in S.J. Gunn & A. Janse eds., The Court as a Stage: England and the Low Countries. 1270-1580, Woodbridge (The Boydell Press), 2006, 156-168.

H. Cools, ‘Quelques hommes de cour originaires des pays germaniques aux Pays-Bas à l’époque de Maximilien Ier’, in : Publications du Centre Européen d’Études Bourguignonnes, 46 (2006), 161-170.

 

Eardere publikaasjes fan 'e Fryske Akademy

W. Bergsma (ed.), Het hof van de Friese Nassaus (1584-1747), Leeuwarden, 1998 (themanummer van It Beaken, 60).

L. Kooijmans, Liefde in opdracht. Het hofleven van Willem Frederik van Nassau, Amsterdam (Bert Bakker), 2000, 332 pp.

 

Lêzingen

H. Cools, ‘Everard van Reyd (1550-1602). Founding father of the historiography on the Dutch Revolt’, lezing gehouden op 23 oktober 2015 te Vancouver tijdens de Sixteenth Century Studies Conference.

H. Cools, ‘Treurnis aan het hof. De uitvaart van Johan Willem Friso. 1711-1712’, lezing gehouden op 10 april 2015 in Leeuwarden tijdens het symposium Marijke Meu: prinses in Friesland.

H. Cools, ‘Wiebrand de Geest (1592-ca. 1664). Het cultureel kapitaal van een geleerde schilder’, lezing gehouden op 7 maart 2015 in Leeuwarden tijdens de Ledendag van de Fryske Akademy.