Skip to main content

Gronology, dynamyk en romtlik ferskaat fan de agraryske feanûntginnings yn Súdeast-Fryslân (1000–1400)

Macht, besit en romte yn Fryslân

Yn de rin fan de midsiuwen binne grutte en woeste feangebieten yn Nederlân ûntgûn en yn kultuer brocht. Troch in systematyske ûntginningswize is in typysk en tige werkenber Nederlânsk lânskip mei langrutsen kavelfoarmen ûntstien. Soksoarte ûntginnings stean better bekend as agraryske feanûntginnings. Oant no ta binne dy ûntginnings yn Fryslân mar summier ûndersocht. Yn dit promoasjeûndersyk wurdt troch de wei fan ynterdissiplinêr ûndersyk besocht om nije kennis op te dwaan oer gronology en romtlik ferskaat fan de agraryske feanûntginnings yn it Súdeast-Fryske lânskip. De útgongspunten binne de opbou en ûntsteanswize fan it natuerlike lânskip, de archeologyske fynsten en de midsiuwske skiednis.

 

Promovendus (AyO)
drs.ing. Dennis Worst

Promotor
prof.dr. Hans Mol

Ko-promotor
prof.dr.ir. Theo Spek, prof.dr. Gilles de Langen

Undersykstema
Macht, besit en romte yn Fryslân

Rintiid
01/01/2013-01/01/2017

Gearwurkingsferbân mei
UCF/UCL

 

Agraryske feanûntginnings wurde gauris assosjearre mei it winnen fan turf. Dat is ynkorrekt. De ûntginningssystematyk waard tapast om ûnkultivearre feansompen iepen te lizzen en gaadlik te meitsjen foar agrarysk gebrûk. De earste stap yn dat proses wie it ûntwetterjen fan it fean. Heaksk op in feanstreamke of rivier groeven ûntginners op lykmjittige ôfstân sleatten yn it fean. It ûntwettere feanpakket waard sadwaande tagonklik en op de fergrûne toplaach fan it fean koenen ûntginners rogge-ikkers oanlizze. Spitigernôch die bliken dat dy ûntginningssystematyk ek in kearside hie.

As gefolch fan de ûntwettering kaam soerstof yn it feanpakket, wêrtroch’t it fean begûn te rotsjen. De deade plantemassa waard omset ta CO2; dit proses wurdt ek wol it oksidearjen fan fean neamd. It oanhâldend sakjen fan it meanfjild late ta ferwietsjen fan de kultivearre grûnen. Al gau waarden de ûntginners twongen om de sleatten nei efteren ta te ferlingjen om nij fean yn it efterlân te kultivearjen. Hiele delsettings skoden sadwaande al mar fierder ta it fean yn.

Fia dat prinsipe binne grutte parten fan de woeste feangebieten yn Nederlân yn de folle midsiuwen ûntgûn. It karakteristike Nederlânske lânskip mei langrutsen kavels wie berne. Al gau waard út it ûndersyk dúdlik dat net alle agraryske feanûntginnings neffens itselde stramyn en yn deselde perioade ûntstien binne. Sawol yn de Romeinske tiid as yn de iere en de folle midsiuwen binne feangebieten kultivearre. Fierder wie it type feanûntginning bot ôfhinklik fan it natuerlike lânskip en/of de lokale territoriale hearsker. Op basis fan dat ferskaat is in oantal agraryske feanûntginningsmodellen ûntwikkele.

 

It feroarjende lânskip

Hieltiten mear hat bliken dien dat de agraryske feanûntginnings net allinne yn it earste begjin ferskillend wienen, mar ek dat it neifolgjende proses laat hat ta dynamyske ûntjouwings. De primêre feanûntginnings wienen ôfhinklik fan it type feanlânskip, de technyske mooglikheden en de sosjale kontekst dêr’t de ûntginnings yn útfierd waarden.

Omreden fan de flugge oksidaasje fan it feanpakket moasten de ûntginners boppedat ek in grut oanpassingsfermogen ha. Troch it sakjen fan it meanfjild waard pleatslik al gau in klaaidek oer it fean ôfset, sloegen grutte areälen lân fuort troch de ynfloed fan de see of ynlânske marren, wylst yn oare regio’s de sânûndergrûn oan de oerflakte kaam te lizzen.

Mar net allinne it feroarjende lânskip wie fan ynfloed op de agraryske bedriuwsfiering fan de feanboeren. Ek wikseljende politike en ekonomyske omstannichheden spilen mei yn de ôfstimming fan it agrarysk bedriuw.

De boppeneamde saken foarmje de útgongspunten foar dit ûndersyk nei de agraryske feanûntginnings oan wjerskanten fan de Linde en de Tsjonger yn Súdeast-Fryslân en de Kop fan Oerisel. Yn dit tige diverse gebiet hat de biskop fan Utert in protte macht oan de Oeriselske kant, wylst de ynfloed oan de Fryske kant al gau lyts wurden wie.

Fierder kent it gebiet lânskiplik sprutsen gâns ferskaat; yn it fierste westen is sprake fan in klaai-op-feangebiet, wylst yn it easten tsjintwurdich sprake is fan in sânlânskip. De regio biedt dus de mooglikheid om sekuer ûndersyk te dwaan nei de ûntjouwing fan de agraryske feanûntginnings en de trochsneed yndividuele boer yn in diversifiearre en dynamyske lânskiplike en sosjale kontekst. Krekt de agraryske bedriuwsfiering sil dêrnei de graadmjitter wêze foar lânskiplike, politike en ekonomyske ûntjouwings.