Skip to main content

Taalportaal

Taaldeskripsje en standerdisearring

Yn it Taalportaal wurdt de kennis fan de grammatika fan it Nederlânsk en it Frysk dy't op dit stuit foarhannen is op in wittenskiplik ferantwurde wize gearbrocht en fia it ynternet yn it Ingelsk tagonklik makke. De grammatikale dielmêden lûdlear, wurdlear en sinlear wurde yn it Taalportaal yntegrearre en troch krúsferwizingen mei-inoar ferbûn. Dêrtroch binne der makliker ferbannen te sjen dy't jin oars lichtwol ûntkomme soenen en komme tagelyk de 'wite plakken' yn ús kennis oan it ljocht. It Taalportaal is primêr ornearre foar ûndersikers, mar dy't op in mear praktyske wize mei taal dwaande binne, lykas taaldosinten, sille der ek gâns fan har gading yn fine kinne.

 

Undersykstema
Taaldeskripsje en standerdisearring

Projektlieder
dr. Willem Visser

Meiwurkers
dr. Eric Hoekstra, dr. Siebren Dyk, Gerbrich de Jong MA, Joke Weening MA

Rintiid
01/01/2011-31/12/2014

Finansiere troch
NWO (NWO-groot)

Gearwurkingsferbân mei 
Meertens Instituut, Instituut voor de Nederlandse Taal, Universiteit Leiden

 

It Taalportaal wol foar it Frysk de mêden lûdlear, wurdlear en sinlear sa folslein mooglik beskriuwe. Mei dwersferwizingen wurde ferbiningen dêrtusken sichtber makke. In brûker dy't wat witte wol oer bygelyks oergonklike tiidwurden, kin sa maklik oan syntaktyske, morfologyske en fonologyske ynformaasje komme. Dêrmei wurde ferbannen dúdlik makke dy't him oars lichtwol net opfalle soenen. In foarbyld dêrfan is de observaasje dat oergonklike tiidwurden fan it slach ite al, mar dy fan it slach witte net yn de ûndergeande foarm foarkomme kinne; sa is it sop kin noch net iten wurde al mooglik, mar *it paad wurdt troch my net witten kin net. Dat korrelearret mei it feit dat der al in passive ynfinityf fan ite mooglik is (it sop wie net te iten), mar fan witte net (*it paad wie net te witten).

Troch de grutte taalkundige oerienkomsten tusken it Frysk en it Nederlânsk, en neffens de tradysje yn de frisistyk, is de beskriuwing fan de Fryske taalfeiten, dêr't soks kin, kontrastyf fan aard. Yn it Taalportaal wurdt, mei oare wurden, de kontrastive analyze Frysk-Nederlânsk systematisearre.

It hat Frysk hat in lange tradysje fan taalkundich/grammatikaal ûndersyk. De útkomsten dêrfan wurde yn it Taalportaal op ien plak gearbrocht, wat foar it ûndersyk nei it Frysk tige fertuten dwaan sil. It feit dat de brûker, as it heal kin, trochklikke kin nei pdf-ferzjes fan de artikels dêr't yn it Taalportaal nei ferwiisd wurdt, ferheget de praktyske brûkberheid net in bytsje.

Fierders moat hjir neamd wurde, dat de frisistyk mei it Taalportaal in grutte stap set wat de ynternasjonalisearring oangiet. It Frysk hat dan wol in lange tradysje fan taalkundich/grammatikaal ûndersyk, mar de útkomsten dêrfan binne foar in grut part buorkundich makke yn it Frysk en it Nederlânsk. De lêste Ingelsktalige grammatika fan it Frysk is Pieter Tiersma syn 'Frisian Reference Grammar' (1985, 19992). Dy is ûnderwilens al wer tritich jier âld en boppedat net al te wiidweidich fan opset. Mei it Taalportaal komt der yn ien kear in hiele soad ynformaasje oer de grammatika fan it Frysk yn it Ingelsk foar elkenien beskikber. It is boppedat ynformaasje dy't, troch de fleksibiliteit fan it ynternet, hieltyd by de tiid holden wurde kin en sil. It giet hjir dus om in wiere ynhellersslach.

Fan grut belang is it fierders ek, dat der troch it wurk oan it Taalportaal gâns 'wite plakken' yn ús grammatikale kennis fan it Frysk oan it ljocht kommen binne. Dat binne allegear paadwizers nei takomstich grammatikaal ûndersyk, dy't ûndersyksaginda op dat mêd mei beskiede sille.

It Taalportaal is ornearre foar it (ynternasjonale) taalkundige foarum, oars sein, it is skreaun foar de taalkundige fakgenoaten, dy't sa de Fryske feiten kennen leare en yn har wurk in plak jaan kinne. Likegoed fiemet it belang fan it Taalportaal wider. Sa sille lju mei niget oan it Frysk en ûnderwiislju der ek gâns fan har gading yn fine kinne. Dêr komt by, dat it Taalportaal in goed útgongspunt foarmje kin foar it skriuwen fan in mear 'praktyske' Fryske grammatika. As lêste, it bleate feit dat it Taalportaal der is, sil de posysje en de status fan it Frysk te'n goede komme en in ynstrumint yn de Fryske taalpolityk wêze kinne.