Skip to main content

Jiersympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis

    Wannear: sneon 19 jannewaris 2019 | 13.30-18.00
    Wêr: Tresoar, Gysbert Japicx-seal, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert (parkearje kin yn Parkeargaraazje Oldehove, foar Tresoar oer)
    Tagong: € 5,00
    Opjaan: It sympoasium is útferkocht. Spitigernôch is der gjin plak mear.
    Utnûgingsfolder: download hjir (pdf)

 

Jollen, kwakken, skokkers, botters, aken en blazers. It binne allegear nammen fan skipstypen dêr’t mei fiske waard yn ’e eardere Sudersee en op it Waad. By it fiskjen waarden ûnderskate techniken brûkt. De fiskerij wie in tradisjoneel bedriuw dat fan frijwol alle plakken oan see út bedreaun waard, mei eigen wizânsjes en klaaiïnge.

Dy tradisjonele fiskerswrâld is foar in grut part ferdwûn troch it oanlizzen fan ’e Ofslútdyk. Wy kinne der noch wat fan sjen yn it Suderseemuseum en op ’e Iselmar farre noch ta plezierboat omboude fiskersskippen, dêr’t guon de kwalifikaasje ‘farrend erfgoed’ fan hawwe.

De Wurkgroep Maritime Skiednis fan ’e Fryske Akademy organisearret in sympoasium oer de skiednis fan dizze tradisjonele fiskerij. Dêr wurdt ek omtinken by jûn oan it jongste ferline en oan ’e sitewaasje fan hjoed de dei.

13.00Ynrin mei kofje/tee
13.30Iepening fan it sympoasium troch Rob Leemans (foarsitter Wurkgroep Maritime Skiednis) en Peter Tolsma (deifoarsitter)
Ontwikkeling van de zeilende vissersschepen troch Frits Loomeijer, freelance ûntwikkelder yn maritime kultuer
Het visboek van Adriaan Coenen troch Ad Leerintveld, konservator Moderne Handschriften by de Koninklijke Bibliotheek
Traditionele vistechnieken troch Rob Leemans en Peter Tolsma fan 'e Wurkgroep Maritime Skiednis
15.15Skoft
15.45Vissersgemeenschappen troch Marloes Kraan, ûndersiker by de Universiteit Wageningen
Rampen op de vissersvloot troch Hans Zijlstra, senior projektmanager by Elsevier Science en eigener Zijlvaart Advies & Actie, dêrnjonken warber as publisist
Visserij heden ten dage troch Barbara Holierhoek, foarsitter fan 'e fiskersferiening Hulp in Nood (Zoutkamp) en Ons Belang (Harns), en bestjoerslid fan 'e Nederlandse Vissersbond
17.15Ofsluting troch Rob Leemans
17.30Buorrel en neipetear (oant 18.00)

De fiertaal fan it sympoasium is Nederlânsk.