Skip to main content

Sympoasium Willem Loadewyk

Steedhâlder en strateech (1560-1620-2020)

Dit jier is it 400 jier lyn dat steedhâlder Willem Loadewyk te Ljouwert ferstoar. Troch syn steedhâlderskippen is syn namme ferbûn oan de skiednis fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Wilens de Opstân tsjin it Spaansk-Habsburchske gesach ferankere er it noardeasten fan de Nederlannen yn de Republyk. Hy hie boppedat ynfloed yn de tsjerke en it ûnderwiis. Syn polityk late lykwols ek ta yntern ferset. It is dêrom tiid om op ’e nij syn betsjutting te hifkjen. Dit sympoasium is ien fan de aktiviteiten yn dit Willem Loadewyk jier dêr’t soks yn bart.


Datum: freed 4 desimber 2020
Plak: Oranjeseal Stedhûs Ljouwert (Hofplein 38, 8911 HJ Ljouwert)
Tiid: 10.00 - 17.30 oere
Priis: € 17,50 / leden en stipers fan de FA: € 15,00 /studinten: € 12,50 (mei kofje, tee, middeisiten en resepsje)
Tagong ta de seal (maksimaal 30 persoanen): nei reservearring en betelling. Jo kinne foar maksimaal 2 persoanen in plakje reservearje. Stjoer dêrta in mailberjocht oan baly@fryske-akademy.nl en set der by oft jo allinne of tegearre komme wolle en oft jo lid/stiper of studint binne (dêr jildt in redusearre taryf). Yn wike 47 litte wy jo witte oft jo in plakje yn de seal krije kinne of dat jo op de wachtlist komme. In plak yn de seal is pas definityf nei beteljen fan de tagongspriis. Yn de seal is it dragen fan in mûlkapke ferplichte, behalve as jo op jo plak sitte.
Livestream: As jo de livestream folgje wolle op 4 desimber, meld jo dan oan fia baly@frysk-akademy.nl. Jo krije dan begjin desimber de ynformaasje oer tagong ta de livestream tastjoerd. It folgjen fan de livestream is fergees. 


Programma

Deifoarsitters en organisaasje: Hanno Brand en Joop Koopmans
Fiertaal: Nederlânsk

10.00  Ynrinnen mei kofje/tee

 

10.30  Iepenjen en wolkom troch Hanno Brand

 

10.40  Hotso Spanninga – Willem Lodewijk, ‘ús heit’, als hoeder van de Friese eenheid

  • Hidde FeenstraStadhouder Willem Lodewijk: grondlegger van Noord-Nederland?

 

11.40  Kofjeskoft

 

12.00  Anton van der Lem – Willem Lodewijk en de Republiek

  • Joop Koopmans – In de bijrol? De eigentijdse weergave van stadhouder Willem Lodewijk in prenten

 

13.00  Middeisiten

 

14.00  Yme Kuiper – Oorlogshelden: eer, roem en geloof. Willem Lodewijk versus katholieke adellijke officieren en stadhouders, 1580-1600

  • Lidewij Nissen – ‘De bron van alle goeds’. Willem Lodewijk als vaderfiguur in de zeventiende-eeuwse Nassaudynastie

 

15.00 Teeskoft

 

15.20 Hanno Brand – Met Willem Lodewijk in de krant. Beeldvorming en herinneringscultuur rond een Friese stadhouder (circa 1848-1913)

 

15.50  Brêge fan it ferline nei hjoeddedei troch Joop Koopmans

  • Paneldiskusje mei Goffe Jensma, Anton van der Lem en Josse Pietersma: Hoe tinke wy no oer Willem Loadewyk?

 

16.45 Oanbieding fan it earste eksimplaar fan de sympoasiumbondel oan de boargemaster fan Ljouwert, Sybrand van Haersma Buma

 

17.00 Ofsluting mei in drankje en in hapke