Skip to main content

Fryslân is de meast ynnovative suvelregio fan ’e wrâld. De kaai fan dat sukses leit by ús boeren en suveltechnologen. Harren kunde en organisaasjekrêft joech Fryslân hieltyd wer in foarsprong, lykas by it bestriden fan feterinêre sykten en it opkommen fan ’e suvelyndustry. Hjoed de dei steane wy foar in nije útdaging: it produsearjen fan suvel mei respekt foar de natoer.

Fryslân soe op ’en nij foarop rinne kinne, mar fan hokker ekologyske saakkundigens is dêrby dan ferlet? Hoe sjocht de perfekte boer en ’e ideale suveltechnolooch fan ’e takomst derút? En yn hoefier wurdt dy nije, griene generaasje al oplaat oan ’e Fryske kennisynstellings?

  

    Tiid: woansdei 7 maart 2018, 19.45-21.30 oere
    Plak: Marne College, Skoallestrjitte 1, 8701 DX Boalsert
    Tagong: de tagong ta it sympoasium is fergees, opjefte foarôf is al winsklik. Klik hjir

  

Programma

 

Jûnfoarsitter: Sippy Tigchelaar

19.45

Begjin sympoasium (ynrin fan 19.15 ôf)

Wolkomstwurd troch jûnfoarsitter Sippy Tigchelaar

Yntroduksje troch Marijn Molema (Fryske Akademy): Verleden, heden en toekomst van de Friese zuivel

20.00

Perspektyf-lêzings: Stapsgewijs naar natuurinclusieve zuivel in 2028

Wilco de Jong, foarsitter fan it agraryske Kollektievenberied Fryslân (KBF)

Klaas de Jong, direksjelid A-Ware en direkteur suvelfabryk It Hearrenfean

20.30

Reaksjes út 'e oanstjoarmjende generaasje wei, mei û.o.:

Eke Folkerts (Agraryske Jongerein Fryslân)

Kevin de Leeuw (VHL-studint libbensmiddelstechnology), en

Sytse Gerritsma (greidboer)

20.45

Reaksjes út oerheid, bedriuwslibben en kennisynstellings wei, mei û.o.:

ûnder foarbehâld: Johannes Kramer (deputearre Fryslân), oer it provinsjale lânboubelied

Floor Dijkstra (FrieslandCampina), oer Learning & Development by FrieslandCampina, en

Wiebren van Stralen (Living Lab), oer it Fryske Living Lab Natoerynklusyf Buorkjen

21.15

Ein sympoasium en gelegenheid ta it nuttigjen fan in drankje