Skip to main content

Digitale taalhelpmiddels: Taalweb Frysk

De website Taalweb Frysk (taalweb.frl), dy't de Fryske Akademy op 2 febrewaris 2015 lansearre hat, biedt in ferskaat oan digitale helpmiddels foar it skriuwen yn it Frysk.

Taalweb Frysk is in platfoarm dêr't:

It wurdboekportaal fan Taalweb Frysk sil yn 'e takomst noch fierder útwreide wurde mei in nij online wurdboek Nederlânsk-Frysk.

Taalweb Frysk waard ûntwikkele yn opdracht fan Provinsje Fryslân. Mei in breed en fergees oanbod fan taalhelpmiddels dy't de skriuwfeardigens yn it Frysk stypje, is it platfoarm unyk yn 'e wrâld en in foarbyld foar oare lytse talen. 

 

 

Foarkarswurdlist en offisjele stavering

Is it no Italië of Itaalje, telefoan of tillefoan? De Foarkarswurdlist foar it Frysk dy’t de Akademy opsteld hat, jout dúdlikheid oer de foarkarsfoarmen yn 'e Fryske stavering.

De Foarkarswurdlist is gjin ferplichte taalstandert, mar kin as hâldfêst brûkt wurde foar heldere foarkarsfoarmen by it skriuwen fan it Frysk, bygelyks yn it offisjele ferkear en yn it ûnderwiis.

Offisjele stavering
It Frysk hat sûnt 1879 min ofte mear offisjele staveringsregels, mar dy binne sûnt dy tiid in kear of wat wizige. Dêrtroch kamen yn 'e rin fan 'e tiid de regels en de praktyk net mear folslein oerien. De Fryske Akademy hat foar it meitsjen fan de Foarkarswurdlist de jildende regeling fan 'e Fryske stavering yn syn hiele hear en fear op 'e nij beskreaun. Dat hat deryn resultearre dat de staveringsregels en de wize sa't wurden yn 'e praktyk stavere wurde tenei wer oerienkomme.

De regels oangeande de offisjele stavering fan it Frysk binne sûnt 30 jannewaris 2015 fan krêft en kinne fûn wurde yn 'e Paadwizer Fryske stavering. Troch in lyts tal regeloanpassingen yn 'e Fryske stavering kriget lykwols in beheind tal wurden in oare skriuwwize (bgl. telefyzje yn stee fan televyzje en útnûging yn stee fan útnoeging). Hjirûnder kin in oersjoch fan oanpassingen en omstavere wurden download wurde.

  • [PDF] [Word] Regeloanpassingen Fryske stavering mei yngong fan 30 jannewaris 2015
  • [PDF] [Word] Oersjoch fan wurden út de Foarkarswurdlist foar it Frysk dy’t in oare skriuwwize krigen hawwe

 

 

It Frysk Diktee

Alle jierren yn 'e maitiid organisearret de Fryske Akademy it Frysk Diktee yn 'e mande mei de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân, Afûk en Cedin Expertisecentrum Meertaligheid. Op dy dei wurdt foar de groepen 7 en 8 fan 'e basisskoallen it Lyts Frysk Diktee organisearre en foar de grutte minsken it Grut Frysk Diktee.

Elkenien dy't syn of har behearsking fan it skreaune Frysk teste wol, kin foar it Grut Frysk Diktee yn 'e beneaming komme troch it meitsjen fan in kwalifikaasjediktee. Neist de minsken dy't harren kwalifisearre hawwe, dogge ek bekende Friezen mei. Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee út op telefyzje. 

 

Taalbaas

Wy dogge ek mei oan Taalbaas, in taalwebloch mei nijsgjirrige taalnijtsjes en taalgrúskes. De rubryk is ek op Twitter en Facebook te folgjen.

 

 

Oare taaltsjinsten en ferwizingen

    Wurdboeken
  • Tusken 1984 en 2011 binne de 25 dielen fan it wittenskiplike Woordenboek der Friese Taal/Wurdboek fan de Fryske taal (WFT) ferskynd. It WFT beskriuwt it Frysk fan it tiidrek 1800-1975. Yn it neislachwurk wurdt foar elk wurd gâns ynformaasje jûn: de útspraak, de bûging, de farianten, de oerienkommende wurden yn oare talen, de betsjutting, siswizen, sprekwurden. Sûnt 2010 is it wurdboek ek online te finen yn 'e Geïntegreerde TaalBank fan it INL.

  • Foar in tal fan Fryske streektalen binne dialektwurdboeken gearstald, ûnder oaren fan it Skiermûntseagersk en it Biltsk. Der sille noch wurdboeken ferskine fan it Hylpers en Amelânsk.


  • Spesjalistysk taaladvys
  • Wy kinne taalkundich advys jaan by it opstellen fan spesjalistyske teksten yn it Frysk mei faktermen lykas notarisakten, amtlike stikken of technyske dokuminten. Foar it oersetten wurdt in fergoeding yn rekken brocht. Nim dêrfoar kontakt op fia ús algemien nûmer (058) 213 14 14 of mail nei taalburo@fryske-akademy.nl.

  • Foar de rjochtspraktyk leverje wy Frysktalige modellen fan akten, karbrieven, kontrakten, houliksbetingsten en testaminten. Alle modellen binne fergees te downloaden op ’e side Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk.


  • Ferwizingen
  • It Frysk is as oersettaal sûnt febrewaris 2016 beskikber yn Google Translate troch it mânsk krewearjen fan frijwilligers en de stipe fan 'e Provinsje Fryslân.

  • De aktuele list mei plaknammen en wetternammen yn Fryslân kin fûn wurde op de website fan 'e Provinsje Fryslân.

  • Neist taalkursussen kinne jo ek foar taalfragen by ús kollega’s fan ’e Afûk telâne. It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it oersetten fan in pear wurdsjes docht de Afûk fergees.