Skip to main content

Stiper wurde

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. En dy’t fia wurkgroepen en stúdzjerûnten ek sels in bydrage leverje kinne oan it wurk fan de Fryske Akademy. 

Op 'e hichte en belutsen
As stiper fan de Fryske Akademy bliuwe jo goed op ‘e hichte en wurde jo nûge foar ferskate aktiviteiten: lêzingen, sympoasia en fansels de jierlikse Akademydei yn septimber. 

Sa krije stipers twa kear it jier it stipersblêd Ut de Smidte thús stjoerd. As stiper hawwe jo de mooglikheid fergees diel te nimmen oan de aktiviteiten fan wurkgroepen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy. Stipers kinne gauris fergees of mei koarting dielnimme oan kongressen en sympoasia. 

Opjefte
Foar € 25,00 it jier binne jo al stiper. Studinten wurdt it stiperskip oanbean foar € 20,00. 

De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).

Stipersbydrage 2016
Binne jo stiper fan de Fryske Akademy?

  • Gean nei de betelside foar it beteljen fan jo stipersbydrage fan 2016.