Skip to main content

Utjeften

De Fryske Akademy hat yn syn bestean mear as tûzen boeken útjûn op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Op termyn komme in tal fan nije en âlde útjeften op dizze side beskikber. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan tydskriften en jierboeken en in tal fan online publikaasjes dy't fergees download wurde kinne.

  • Us ûndersyksoutput (lykas proefskriften, artikels en oare publikaasjes fan ús meiwurkers) binne te finen yn ús publikaasjeoersjoch.

 

 

Tydskriften, jierboeken en kongresbondels

It Beaken

  • It Beaken is it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. It is in meartalich poadium fan en foar wittenskippers dy’t harren útlizze op it beoefenjen fan wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan Fryslân, de Fryske taal en letterkunde en aspekten fan de hjoeddeiske Fryske maatskippij. It Beaken is fan jiergong 71 (2009) ôf online beskikber. Gean nei: www.fryske-akademy.nl/itbeaken.

 

De Vrije Fries

 

Genealogysk Jierboek

  • It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Simmer 2017 komme alle jiergongen online beskikber. 

 

Philologia Frisica

  • Philologia Frisica is in kongresbondel mei in seleksje fan lêzingen fan it Frysk Filologekongres. Maitiid 2017 komme alle jiergongen online beskikber. 

 

 

Undersyksrapporten

De Fryske Akademy fiert geregeldwei tapaste ûndersyksprojekten út, lykas op it mêd fan Frysk taalgebrûk of ekonomysk belied. Hjirûnder binne in tal resinte ûndersyksrapporten gearbrocht.

 

Ekonomyske fitaliteitsskens

In rige fan fjouwer stúdzjes, part fan in mearjierrich ûndersyk nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze jierrapporten wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd.

 

 

Rapporten fan Mercator Research Centre

Geregeldwei fiert kennissintrum Mercator ûndersyk út yn opdracht fan it Europeesk Parlemint, Provinsje Fryslân of in Fryske gemeente. 

 

 

Online publikaasjes

Der binne ek online publikaasjes te downloaden en te besjen. Yn 'e takomst sille wy op ús website in grutter tal Akademy-útjeften as PDF oanbiede.

 

Fryske taalkunde

  • Taalportaal sammelet alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, it Frysk en it Afrikaansk op 'e neikommende mêden: lûdlear ofwol fonology, wurdlear ofwol morfology en sinlear ofwol syntaksis. De website is opboud neffens in wiki-eftige struktuer. Gean nei: www.taalportaal.org.

 

Skiednis: boarneútjeften