Wurkgroep Akademylêzingen
De Akademylêzingen (earder de frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.
Der komt in protte folk op ús lêzingen ôf. It publyk komt foar it measte part noch altyd fan 'e frouljusorganisaasjes, mar de lêzingen binne foar elk tagonklik. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.
Us rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden: De Koperen Tún yn Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer.
Oprjochtingsjier
1957 (wurkgroep sûnt 2008)
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Akkie Lindeboom (e-mail)
Skriuwer: Anneke de Vos
Leden: Fenna Stoel, Aukje Dijkstra, Jantsje Kalsbeek en Froukje Swierstra-Luimstra
Aktiviteiten
-
It programma foar de rige Akademylêzingen fan 2022-2023 is klear.
- Besjoch it programma fan 'e rige Akademylêzingen 2022-2023 troch hjir te klikken.
- Opjaan en betelje kin via Opjefte Akademy-lêzingen (fryske-akademy.nl)
Akademylêzingen yn it nijs
- Lês hjir in stik oer de Akademylêzingen yn 'e Leeuwarder Courant fan 5 novimber 2015.
Jierferslaggen
- Jierferslach 2019 (pdf)
- Jierferslach 2016 (pdf)