Skip to main content

Berikberens en parkearje

De Fryske Akademy is fêstige yn it sintrum fan Ljouwert. Wy binne goed te berikken sawol mei de wein as mei it iepenbier ferfier.

 

Mei it iepenbier ferfier

De Fryske Akademy leit op sirka tsien minuten te gean fan it trein- en busstasjon ôf. Mei de stêdsbus is de Akademy it bêste berikber mei busferbining 36 nei Bilgaard (halte Boterhoek), of oars mei busferbining 12 nei NHL Hogeschool (halte Wissesdwinger).

 

Mei de wein

Tsjinoer de yngong fan de Fryske Akademy oan ’e Doelestrjitte is in parkearplak dêr’t foar maksimaal twa oeren betelle parkeard wurde kin. Tichtby de Akademy binne der ferskate parkeargaraazjes. De parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf leit op noch gjin minút rinnen fan ’e Akademy.

Rieplachtsje de websites Prettig Parkeren en Parkeergarages Leeuwarden foar mear ynformaasje oer parkearmooglikheden.