Skip to main content

Lededei 2017

Foar ús leden wurdt alle jierren in Lededei organisearre. De Lededei biedt lêzingen, diskusjes en is de gelegenheid by útstek om yn 'e kunde te kommen mei oare leden fan 'e Akademy.

Mei it tema 'It Frysk yn de (digitale) mienskip' krije leden diskear priuwkes fan ús ûndersyk op taalmêd.

    Wannear: sneon 1 april 2017, 11.00-16.30 oere
    Plak: De Koperen Tuin, Prinsentuin 1, Ljouwert/Leeuwarden
    Opjaan: leden kinne har opjaan fia dit opjefteformulier (graach uterlik freed 24 maart)

De útnûging foar de Lededei 2017 kin ek as pdf-dokumint download wurde.

 

Programma

11.00Ynrin
11.15Iepening troch Hanno Brand
 

Lêzing Edwin Klinkenberg: Resultaten Taalsurvey. Mei it survey 'Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje' dat de Fryske Akademy yn 2015 holden hat, is it sprutsen Frysk yn it deistich libben fan de ynwenners fan Fryslân yn kaart brocht. Njonken de taalhâlding en de opfettingen oer eigen en oarmans taalgebrûk is ek it learen fan it Frysk ûndersocht.

12.30Lunsj
13.30Sprekkerskarrûsel Taal & jongerein: digikânsen foar it Frysk
Lysbeth Jongbloed-Faber: Frysk op sosjale media
Nika Stefan: Sosjale media en taalfariaasje
 Ko-referaat: Nienke Jet de Vries (beliedsmeiwurker Taal en Underwiis, Provinsje Fryslân): Fyzje en belied fan de provinsje
 Romte foar fragen en diskusje
14.30Skoft mei tee en kofje
14.45Lêzing Jelske Dijkstra en Hans Van de Velde: Frysk op 'e radio - earder en no
Romte foar fragen en diskusje
15.45Ofsluting mei in drankje en in hapke