Skip to main content

Undersyk nei berteleppels

{KLIK HIER VOOR DE NEDERLANDSE VERSIE}

 

Yn in soad famyljes binne se bekend: de sulveren berteleppels mei in ynskripsje fan ien syn namme en bertedatum, as geskink of as erfstik. Foar in ûndersyk nei dizze tradysje is de Fryske Akademy – ek bûten Fryslân! – op 'e syk nei besitters fan berteleppels of oare sierleppels mei in ynskripsje. 

Yn ús ûndersyk rjochtsje wy ús op de fraach hoe't de sulveren sierleppel ûntstien is en him as tradysje troch de tiden hinne ûntjûn hat. It meast foarkommend is de berteleppel, mar der binne ek wapenleppels, houliksleppels, begraffenisleppels en oare sierleppels (soms ek foarken) mei ynskripsje bekend. It giet ús dus net safolle om it sulver, mar om de betsjutting dy't de leppels hawwe. 

Watfoar gegevens sammelje wy? Graach fernimme wy:

  • de folsleine ynskripsje op de leppel(s) yn jo besit;
  • oft it hjirby giet om in eigen geskink, in famylje-erfstik, of kocht antyk;
  • foar safier bekend: mear gegevens oer de persoan(en) op de leppel(s) en oft bekend is wa't de skinker(s) wienen; oft der eventueel ek bysûnderheden of anekdotes ferbûn binne mei de leppel(s);
  • at it mooglik is: in foto fan de leppel(s).  

Wy — Han Nijdam en Richard de Boer, yn oparbeidzjen mei Jan Schipper (www.zilverstudie.nl) en Hessel de Walle (hesseldewalle.blogspot.com) — binne fan doel oer it ûndersyk te publisearjen. Wy brûke in ferskaat oan boarnen, ûnder oaren publikaasjes en kolleksjes fan musea en stiftingen, lykas it Fries Museum, Erfgoed Fundaasje, ensfh. De gegevens oer de leppels sammelje wy yn in database en ferwurkje wy neffens de jildende privacywetjouwing (AVG). Persoansgegevens wurde net sûnder eksplisite tastimming publisearre.

Hawwe jo berteleppel(s)? Nim kontakt op mei ús fia it mailadres: leppel@fryske-akademy.nl. Jo kinne ús fansels ek skriuwe:

  • Fryske Akademy
    o.f. H. Nijdam
    Postbus 54
    8900 AB Ljouwert