Skip to main content

Wat bringt de Fryske Akademy foar ynwenners en besikers, foar ûndersikers en kultuerleafhawwers yn 2018?

Yn ús binnentún — yngong tusken Doelestrjitte 4 en 6 te Ljouwert bloeie fan 't simmer moaie taalinisjativen. Kinst ut it Frysk Hânwurdboek foarlêze, of dy dêrút foarlêze litte. En fan oarsprong Fryske bisten fine, of yn elk gefal hearre hoe't se yn ús taal krûpt binne. Ek kampearje hjir al dy talen dy't yn Ljouwert sprutsen wurde en ûntdeksto wat (âlde) kaarten fertelle! Kinst ek taalfilmkes besjen oer gewoane en aparte Fryske wurden.

Mar ek bûten de tún is de Fryske Akademy warber. Us wurkferbannen lizze yn augustus in fytsrûte út om de âlde Middelsee hinne, wylst de streektalen fan Nederlân sintraal steane op 8 en 9 juny.

 

Byld: Heleen Haijtema/Tryntsje Nauta

B(l)oeiende taalinisjativen yn de Akademytún

Iepeningstiden en tagong
Moandei 28 maaie oant en mei freed 21 septimber 2018: 10.30-13.00 en fan 13.30-16.00 oere. Freed 14 septimber is de Fryske Akademy sletten y.f.m. de Akademydei.

Tagong ta de Fryske Akademy en de tún is fergees, útsein it dielnimmen oan de literêre kuier (€ 5,00 per persoan).

Frysk Hânwurdboeklêze
It folsleine – ientalich Frysk – Frysk Hânwurdboek sil foarlêzen wurde. Wa’t in kertier foarlêze wol – mear as ien mei ek! – dy kin him of har opjaan fia dizze link. Spontaan meidwaan kin ek. De foarlêsmaraton is keppele oan in goed doel, nammentlik in bydrage foar ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven. Dielnimmers kinne harren dêrfoar sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek – en it opnimmen dêrfan - ûntstiet der in prachtich korpus sprutsen Frysk, dat foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten liede sil. Alles komt foarby, hiel gewoane wurden, mar ek bysûndere en ferjitten wurden. Je soene sizze kinne dat it foarlêsprojekt ek in earbetoan oan de Fryske taal is.

Wannear: De grutte ôftraap sil wêze op freed 25 maaie 2018 fan 15.00 oere ôf. Dêrnei wurdt der trochgien mei foarlêzen oant en mei freed 21 septimber.

Dichtwedstriid
Begjin dit jier hat de Fryske Akademy in dichtwedstriid útskreaun. De gedichten mochten gean oer de Fryske Akademy, oer de meiwurkers, wittenskippers, de útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht en wat de dichters noch mar mear betinke koene. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, mochten der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêr oer geane. Der binne 64 ynstjoerings ynkaam. De tsien moaiste, aardichste of grappichste gedichten binne útkeazen troch in sjuery en komme yn de tinte yn de binnentún fan de Fryske Akademy te hingjen, as ûnderdiel fan in útstalling.

Wannear: de tsien gedichten hingje fan freed 25 maaie oant en mei sneon 22 septimber yn de tinte. Op sneon 9 juny is de priisútrikking oan de trije winners fan de wedstriid, om 13.00 oere.

Ferhalefertellers út Ljouwert
Allinnich al yn Ljouwert wurde mear as 60 talen sprutsen. Yn de tinte komme skermen te stean dêr’t sprekkers fan ferskate (regionale) talen op te sjen binne dy’t yn har eigen taal in ferhaal fertelle. Belibje sa it rike taalferskaat dat de Kulturele Haadstêd te bieden hat!

Wannear: freed 25 maaie oant en mei freed 21 septimber.

Fryslân yn kaarten
Skiednis hoecht net altyd skreaune tekst te wêzen, bylden kinne je ek in soad – en ek talige – ynformaasje út helje. Bestudearje de âlde en nije kaarten fan Fryslân. It giet om in eksposysje fan kaarten dy’t in nijsgjirrich ferhaal fertelle oer Fryslân. Se jouwe in oersjoch fan it ûndersyk dat oan ‘e Fryske Akademy dien wurdt.

Wannear: freed 25 maaie oant en mei sneon 22 septimber.

Bistetaal
Jorieke Savelkouls sil in pear lêzingen jaan oer bisten dy’t fanâlds yn Fryslân thús hearre en de taal dy’t mei dy bisten anneks is. Har lêzing op sneon 9 juny giet oer hoe't bisten de Fryske taal beynfloedzje en de ynfloed fan de agraryske mienskip op it sprutsen Frysk. Yn har twadde lêzing op 28 juny fertelt Jorieke hoe't bisten mei-inoar en mei minsken kommunisearje. Jorieke sil ek fertelle oer it Frysk hynder, en de diskusje oer it 'ideale' type.

Wannear: tongersdeitemiddei 6 septimber 2018, 14.30-15.30 oere

De Wuttelhaven del
De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. It boek is net allinnich noch hieltyd aktueel, mar lient him troch de postmodernistyske eleminten hiel goed foar in kreative ferwurking. De kuier rint troch ien fan de moaiste stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. It ferhaal tsjinnet as reade tried foar gedichten dy't op de rûte foardroegen wurde yn de talen Frysk, Liwwadders en Dútsk. De rûte begjint Achter de Hoven en einiget yn de Akademytún mei in spektakulêr slotstik.

Wannear: freed 7, sneon 15, freed 21 en sneon 22 septimber 2018 om 19.00 oere. Kaartsjes binne foar 5,00 euro it stik te bestellen fia Sigrid Kingma: De Wuttelhaven del

Taalfilmkes
Yn gearwurking mei de bachelor Minorities & Multilingualism (Rijksuniversiteit Groningen), de oplieding ta learaar Frysk oan de NHL Hogeschool, it Ljouwerter Lyseum en oaren makket de Fryske Akademy koarte taalfilmkes. Yn elk filmke wurdt it komôf fan in Frysk wurd behannele. Dat kin in hiel gewoan wurd as ‘skoalle’ wêze, dat wol in hiel ûnferwachte skiednis hat, mar ek in minder gewoan wurd as ‘knyntsjedagen’. De filmkes binne yn de tinte te besjen, mar se komme ek online. Guon wurde ek op Omrop Fryslân sjen litten.

Tagelyk is der in filmke te sjen oer it Eid-al-Qurban-feest yn Afganistan, ferteld yn 'e lytse taal Zaharagi, troch de flechtling Zarmina Haidary. Der is ek in filmke mei in ferhaal yn it Hylpersk: "Jan mei de klûmpen of Likje Jan", makke en spile troch Roelie de Vries en de Stichting tot Behoud Immaterieel Erfgoed Hindeloopen mei bern fan 'e basisskoalle "De Skulpe" yn Hylpen.

Wannear: freed 25 maaie oant en mei freed 21 septimber.  

 

 

Oare aktiviteiten

  • US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy’tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn dy game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd. De game is yn it ramt fan Lân fan taal makke yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei Grendel Games en de Fryske Akademy.
  • Streektaalkongres. Professionals dy’t harren dwaande hâlde mei streektaalbelied, akademisy dy’t taalsosjologysk of taalkundich ûndersyk dogge en taalleafhawwers kinne harren hert ophelje by de 13de streektaalkonferinsje dy’t holden wurdt op freed 8 juny by Tresoar. Oanslutend is der op sneon 9 juny in dei fol kultuer yn de streektalen fan Nederlân yn it Talepaviljoen en de Taletún.
  • Conference on Frisian Humanities. De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018. It kongres is in foarum foar wittenskiplik debat oer taal en kultuer yn de Fryske lannen, no en yn it ferline en yn ynternasjonaal perspektyf, mei it doel om te redendielen oer empiryske, metodologyske en teoretyske kwestjes.
  • De Middelseerûte. Op sneon 25 augustus 2018 organisearje de frijwilligers fan ús wurkferbannen in fytsrûte om de âlde Middelsee hinne fan sa'n 45 kilometer. By elke stop wurdt in koarte lêzing jûn oer de ûntjouwing fan it lânskip, de ferdigening tsjin it wetter, de ûntjouwing fan de streektalen en de lânbou yn it gebiet.
      Wannear: 25 augustus 2018
      Wêr: Lânboumuseum Goutum-Jelsum-Bitgummole-Easterwierrum-Raerd-Swettepaad-Goutum
      Mear ynformaasje: Middelseefytstocht