Skip to main content Skip to page footer

Wurkgroep Maritime Skiednis

De Wurkgroep Maritime Skiednis wol de stúdzje nei en de belangstelling foar de maritime skiednis fan Fryslân befoarderje, ûnder oaren mei in jierliks sympoasium.

Persoanen dy't sels aktyf ûndersyk dogge nei de (Fryske) maritime skiednis, kinne lid wurde fan de wurkgroep. Oan it lidmaatskip is gjin kontribúsje ferbûn, mar leden wurdt frege om stiper te wêzen fan de Fryske Akademy. Oanmeldingen as fragen om ynformaasje graach stjoere nei de skriuwer fan de wurkgroep.

 

Oprjochtingsjier

2008

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Jan Auke Walburg
Ponghâlder: Peter Tolsma
Skriuwer: Hester Postma (e-mail)
Bestjoersleden: Hanno Brand, Johan Steendam, Jelle Jan Koopmans

Gean mei op ekskurzje nei Dokkum!

Leden fan de Wurkgroep Maritime Skiednis binne fan herte útnûge om mei te gean op ekskurzje nei Dokkum. Op it programma stiet in stedskuier en in besite oan Museum Dokkum.

Programma

13:15 - Ynrin by hotel-restaurant De Posthoorn (Diepswal 21, Dokkum)
13:30 - Stedskuier ûnder begelieding fan in gids
14:30 - Skoft mei kofje en tee by it Hellinghûs
14:45 - Lêzing fan Hans Zijlstra en Nykle Dijkstra: “De admiraliteit van Dokkum”
15:15 - Besite oan Museum Dokkum (op eigen gelegenheid)
16:00 - Ofslûtende buorrel yn de Posthoorn

Praktyske ynformaasje

Dizze dei wurdt jo fergees oanbean, ynklusyf kofje of tee by it Hellinghûs en in drankje nei ôfrin. As jo in Museumkaart hawwe, dan wurde jo fersocht dizze mei te nimmen. 
Yntrodusees binne fan herte wolkom.

Oanmelde kin foar 16 oktober fia Hester Postma, skriuwer fan de Wurkgroep Maritime Skiednis. Der jildt in maksimum fan 30 dielnimmers. 

It programma begjint by hotel-restaurant De Posthoorn. Parkearje kin binnen de bolwurken (oant 18:00 betelle). Fergees parkearje kin op it parkearterrein P-Centrum Oost, de Harddraver, oan de Harddraversdijk (300 meter van de Posthoorn).


Oer de wurkgroep

De Wurkgroep Maritime Skiednis wurket oan ferskate aktiviteiten, lykas de neikommende:

  • It organisearjen fan iepenbiere kongressen oer de (Fryske) maritime skiednis;
     
  • It befoarderjen fan it publisearjen fan ûndersyksresultaten;
     
  • It befoarderjen fan de ûntsluting en de berikberens fan relevante boarnen;
     
  • It befoarderjen fan de ûnderlinge gedachtewiksel fan de leden.

 

 

Aginda

Utnûging

Sneon 31 oktober: Ledegearkomste yn Dokkum
Mei twa lêzingen, in stedskuier mei gids en in besite oan Museum Dokkum. 
Mear ynformaasje >>