Skip to main content

Foar de media

Op dizze side fine jo ynformaasje oer ús tsjinsten foar mediarelaasjes.

De kommunikaasjeôfdieling is it earste oansprekpunt foar sjoernalisten en media mei fragen oer wittenskiplik ûndersyk, aktiviteiten en belied fan de Fryske Akademy. De ôfdieling is ek paadkundich yn it finen fan saakkundigen op it mêd fan Fryske tema’s. Dêrneist jout de ôfdieling stipe oan wittenskippers yn harren kontakt mei publyk en media.

Parseberjochten fan de Fryske Akademy binne te finen yn ús nijsoersjoch. Wolle jo mear witte oer in beskaat tema of binne jo op ’e syk nei in saakkundige, nim dan kontakt op mei ien fan ús kommunikaasjemeiwurkers.

 

Kommunikaasjeôfdieling

E-mail (algemien)

kommunikaasje@fryske-akademy.nl

Kommunikaasjemeiwurker

Mettje de Vries (moandei, tiisdei, tongersdei, freed)
T (058) 234 30 66
E mdevries@fryske-akademy.nl

 

Parsebyld

Hjirûnder kin parsebyld ynladen wurde. Parsebyld mei rjochtefrij brûkt wurde mitsdat de credits fermelde wurde. Op 'e syk nei oar byld? Nim kontakt mei ús op. Sjoch ek ús fotoalbums op Flickr

Logo Fryske Akademy, .jpg, 2382x543 px.
Logo Fryske Akademy, .png, transparant
Fryske Akademy, sicht op 'e Grienewei (.jpg, 300dpi, 3.4 MB). Credits: Michel Montsma/GPNo
Fryske Akademy, sicht op 'e Doelestrjitte (.jpg, 300dpi,. 6.1 MB). Credits: Jo Janssen Architecten
Fryske Akademy (.jpg, 300dpi, 16.9 MB). Credits: Erik en Petra Hesmerg
Swan dy't it wapen fan de Fryske Akademy beskermet (.jpg, 300dpi, 16.0 MB). Credits: Erik en Petra Hesmerg
Fryske Akademy, ynterieur Noardertsjerke (It Aljemint) (.jpg, 300dpi, 4.6 MB). Credits: Jo Janssen Architecten
Untfangstkeamer ("Gryn") yn it Coulonhûs (.jpg, 300dpi, 5.6 MB). Credits: Jeroen Helmers/Interoffice
Muorrekleed (1979) fan tekstylkeunstner Lokke Laurijssens (.jpg, 300dpi, 6.39 MB). Keunstkolleksje Fryske Akademy
Ledespjeldsje (.jpg, 300dpi, 1.04 MB). Credits: Fryske Akademy