Meidwaan!
Wat moai datst ús helpe wolst!
Op dizze side freegje wy dyn help by ferskate ûndersiken oangeande de Fryske taal en kultuer. Mei in pear minuten fan dyn tiid kinst ús ûndersikers al goed helpe.
De ûndersiken hjirûnder binne ûntwikkele troch wittenskiplike meiwurkers fan de Fryske Akademy, of binne ta stân kommen ûnder harren tafersjoch. De resultaten wurde brûkt yn ûndersyksprojekten dy't útfierd wurde yn oparbeidzjen mei nasjonale en ynternasjonale kennisynstituten. Alle ús ûndersiken dêr't wy de help fan it publyk by freegje hawwe goedkarring krigen fan de etyske kommisje fan de Ryksuniversiteit Grins/Campus Fryslân.
By de oproppen stiet altyd in kontaktadres. By fragen oer data, privacy en it ferrin fan it ûndersyk kinst de ûndersikers altyd streekrjocht benaderje.
Op dit stuit hawwe wy fjouwer ûndersiken dêr't we help by brûke kinne:
Undersyk
Nepnijs: de rol en funksje fan minderheidstalen yn in nij digitaal tiidrek
Nanna ûndersiket wat de rol en funksje is fan minderheidstalen yn in nij digitaal tiidrek. Ien fan 'e fraachstikken dêr't hja har mei dwaande hâldt, is hoe't minsken ynformaasje yn spraak en skrift beoardielje.
It ûndersyk
As ûnderdiel fan dit ûndersyk fan de Fryske Akademy hat Nanna in fragelist ûntwikkele, oer de leauweardichheid fan ferskate trivia-útspraken, en hoe't skreaune teksten beoardiele wurde.
Yn it earste part fan dizze fragelist freegje wy jo om nei 24 útspraken te harkjen en te besluten oft se wier of ûnwier binne. Yn it twadde part wurde jo frege om twa teksten te lêzen en dy te beoardieljen oan 'e hân fan in pear fragen. As lêste befettet de fragelist in pear fragen oer jo (taal -) eftergrûn.
Dielname oan dit ûndersyk is alhiel frijwillich. Jo binne op elk momint en om hokker reden dan ek frij om op te hâlden mei jo dielname. Elkenien dy't út Fryslân komt of yn Fryslân wennet mei meidwaan!
Praktyske ynformaasje
Haadûndersiker: Nanna Haug Hilton
Funksje: senior ûndersiker en Programmakoördinator Taalwittenskip
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Thús
Tiidsynvestearring: 15 minuten
Beleanning ja/nee: Nee
Meidwaan: Fia dizze link >>>
Undersyk
Hawwe jo foaroardielen oer it Frysk en Nederlânsk? Echt?
Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen.
Noat: Hielke is benammen noch op syk nei net-Frysktaligen dy't yn Fryslân wenje!
It ûndersyk
Hielke ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer krijt plaatsjes en wurden te sjen dy't posityf of negatyf binne, en wurden dy't Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.
It eksperimint duorret 10-15 minuten en oan de ein fan it ûndersyk krijt elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Hielke hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.
Praktyske ynformaasje
Haadûndersiker: Hielke Vriesendorp
Funksje: Universitêr dosint Ingelske Taalkunde en Undersyksmetoaden, statistyk en taalfariaasje. Earder: taalkundich ûndersiker by de Fryske Akademy
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Thús
Tiidsynvestearring: 10-15 minuten
Beleanning ja/nee: Nee
Meidwaan: fia dizze ûndersykswebsite >>>
Undersyk
Hoe ferwurkje Frysktaligen harren talen?
Hoe brûke Friezen eins harren talen yn it deistich libben? En wat seit dat oer harren identiteit, kultuer en sels de technology fan de takomst? Mei dy fragen hâldt ús promovendus Dylan Rose út Kanada him op it stuit dwaande yn in bysûnder ûndersyk nei de Fryske taal en maatskippij.
Codeswitching
Rose ûndersiket hoe't Frysktaligen omgean mei it Frysk en it Nederlânsk en wat der yn it brein bart wannear't sy tusken beide talen skeakelje. Dit proses stiet ek wol bekend as codeswitching. It ûndersyk makket diel út fan in grutter projekt dêr't net allinnich taalgebrûk sintraal yn stiet, mar ek de fraach hoe't Friezen technology en keunstmjittige yntelliginsje ûnderfine. De ynsichten kinne letter bydrage oan technology dy't better oanslút by de Fryske mienskip.
It ûndersyk
Foar it ûndersyk krije dielnimmers ôfbyldingen te sjen op in laptop. Se krije de opdracht om te beneamen wat se sjogge. De iene kear yn it Frysk as se in Frysk flachje sjogge, de oare kear yn it Nederlânsk as der in Nederlânsk flachje bystiet. De dielnimmers drage in headset mei in mikrofoan. Dêrneist folje dielnimmers in koarte fragelist yn oer harren taalgebrûk, harren ûnderfinings mei it Frysk en de rol dy’t de taal spilet foar harren identiteit. “It wikseljen tusken talen kin bêst útdaagjend wêze”, fertelt Rose. "De dielnimmers dy't al meidien hawwe fûnen it foaral hiel leuk om te dwaan. ”It ûndersyk stiet iepen foar minsken tusken de 18 en 75 jier dy’t sawol Frysk as Nederlânsk prate.
Praktyske ynformaasje
Haadûndersiker: Dylan Rose
Funksje: Promovendus Fryske Akademy en RuG/Campus Fryslân
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Op lokaasje, yn Grins (Harmoniegebouw of Ljouwert (Campus Fryslân)
Tiidsynvestearring: 45 minuten
Beleanning ja/nee: Ja, €8,-
Meidwaan: Meitsje in ôfspraak fia de ôfsprakenkalinder fan Dylan Rose
Mear ynformaasje: hjir op ús website
Undersyk
Een Neus voor Erfgoed
Hoe rûkt Fryslân? Wat is ‘Frysk geurerfgoed’? En: wa bepaalt eins hokker geuren as erfgoed erkend wurde? Yn it nije ûndersyksprojekt 'Een Neus voor Erfgoed' bondelje ûndersikers, ûntwerpers en parfumeurs harren krêften om de geuren fan Fryslân te ûndersykjen, te dokumintearjen en rûke te litten.
Op it snijflak fan erfgoed, geur en ûntwerp
Hieltyd mear minsken beseffe hoe wichtich oft roken binne foar ús oantinkens, gefoelens en identiteit. Dochs is rook yn it erfgoedfjild amper te sjen of taastber. Een Neus voor Erfgoed – in gearwurking tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), Fryske Akademy en IFF (International Flavors & Fragrances) – wol dêr feroaring yn bringe troch rook in folweardich plak te jaan binnen erfgoedûndersyk, musea en argiven. It projekt, dat rint fan febrewaris 2026 oant juny 2027, ûnder lieding fan prof. dr. Inger Leemans (heechlearaar Kultuerskiednis en haadûndersiker fan NL-Lab by it KNAW Humanities Cluster), ûntfangt subsydzje fan CLICKNL, it kennis- en ynnovaasjenetwurk foar de kreative yndustry.
Wêrom Fryslân?
Fryslân foarmet in nijsgjirrige aktuele kasus, omdat dêr yn 2025 ‘de geuren en geluiden van het Friese platteland' opnommen binne yn de erfgoedaginda fan de Provinsje Fryslân. Dit inisjatyf ropt fûnemintele fragen op: wat ferstean wy eins ûnder ‘de geuren fan Fryslân’? Binne dat de geuren fan kowestâlen en it Waad? Of fan sûkerbôle, dúmkes, krûdebitters, teunisblommen, it stjonkfabryk, of houtsnijen? Jarre, broeireek, skiepperook, of boskreek? Hoe kinne dizze histoaryske geurlânskippen en hieltyd ferfleanende geuren fêstlein wurde?
Praktyske ynformaasje
Dus hoe rûkt Fryslân no? Dy fraach kinne wy fuortendaliks beäntwurdzje: dat bepaalsto. Troch it ynfoljen fan de fragelist helpst mei om de geurtaal en geuren fan Fryslân yn kaart te bringen. Set dyn noas iepen en diel dyn geuroantinkens en snúfûnderfinings.
Haadûndersiker: Eveline de Smalen
Funksje: postdoktoraal ûndersiker by NL-Lab/ KNAW Humanities Cluster en gastûndersiker by de Fryske Akademy
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Thús
Tiidsynvestearring: 15-20 minuten minuten
Beleanning ja/nee: Nee
Meidwaan: Fia it ynfoljen fan de Fryske fragelist of Nederlandse vragenlijst
Mear ynformaasje: op de projektwebsite