Skip to main content

Op sneon 25 augustus 2018 organisearje de frijwilligers fan ús wurkferbannen in fytsrûte om de âlde Middelsee hinne fan sa'n 35 à 40 kilometer. By elke stop wurdt in koarte lêzing jûn oer de ûntjouwing fan it lânskip, de ferdigening tsjin it wetter, de ûntjouwing fan de streektalen en de lânbou yn it gebiet.

De priis foar dizze fytstocht is 20 euro, ynklusyf kofje, lunsj en buorrel, en wy ha romte foar maksimaal 30 dielnimmers.

 

    Wannear: sneon 25 augustus 2018
    Fytsrûte: Lânboumuseum Goutum-Jelsum-Bitgummole-Easterwierrum-Raerd-Swettepaad-Goutum
    Kosten: € 20,00
    Opjefte en beteljen: gean nei it opjefteformulier

  

Globaal tiidskema fytstocht

09.30Lânboumuseum, Goutum: ynrin mei kofje en tee
10.00Untjouwing fan de Middelsee (sprekker Peter Vos, Deltares)

10.45

Fertrek rjochting Jelsum, oer Jelsum nei de Hegedyk rjochting Bitgummole

12.15Marssum: lunsj by Het Grauwe Paard, ynlieding oer de ferdigening tsjin it wetter (sprekker Aldert Cuperus)

13.45

Troch nei Easterwierrum
14.15

Jellum: tee by Jonker Sikke, ynlieding oer de ûntjouwing fan it lânskip (sprekker Meinte Engelmoer)

15.00

Troch oer Easterwierrum rjochting Raard, ôfslaan nei links oer it Swettepaad, fierder oer it Swettepaad werom nei Ljouwert

16.00

Oankomst by Lânboumuseum, Goutum: kofje, ynlieding lânboukundige skiednis (sprekker Henk Dykstra)

17.00

Buorrel