13de Taalkundedei, Fryske Akademy, Ljouwert
De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wa't op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte.
Wy ferwolkomje foarstellen dy't har rjochtsje op it Frysk út alle ferskate hoeken fan de taalkunde wei. Te tinken falt oan: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikografy, sosjolinguistyk, psycholinguistyk, histoaryske taalkunde. Fan studint ta heechlearaar: elkenien is wolkom as sprekker op de Taalkundedei. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom.
Gearfetting ynstjoere
Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen). Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't hearre ta de West-Germaanske taalfamylje. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst foar 1 augustus 2024 – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en affiliaasje, nei de organisaasje fan de Taalkundedei.
Sjoch ek: