Skip to main content

dr. Wiebe Bergsma ferstoarn

Histoarikus dr. Wiebe Bergsma fan 'e Fryske Akademy is op snein 28 juny 2015 hommels ferstoarn. Bergsma wie sûnt 1985 ferbûn oan 'e Fryske Akademy as histoarikus foar de iermoderne tiid.

As histoarikus lit Wiebe Bergsma in grut oeuvre fan likernôch santich titels nei. Dêryn steane de reformaasje yn Fryslân, iermoderne gelearden en stêdlike kultuer en hoflibben yn Ljouwert yn 'e tiid fan 'e Gouden Iuw sintraal.

Wiebe Bergsma, berne te Haulerwyk yn 1955, studearre yn 'e simmer fan 1981 ôf as kultureel antropolooch en histoarikus oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Al oardel jier letter, yn april 1983, ferdigene er oan dyselde universiteit syn proefskrift oer de 16de-iuwske Fryske gelearde en spiritualist Aggaeus van Albada. Bergsma syn promotor, Edzo Waterbolk, hie him ta sa’n flugge promoasje oanfitere, mar boppe-al tekenet dy Wiebe syn brille.

By syn oanstelling oan ’e Fryske Akademy yn 1985 naam Wiebe him foar om in grutte stúdzje te skriuwen oer hoe’t de kalvinisten stadichoan harren gesach yn Fryslân festigen. Dat boek, Tussen Gideonsbende en publieke kerk, ferskynde yn 1999. Yn dy stúdzje toande Wiebe mei oertsjûging oan hoet de religieuze middengroepen, dy’t him dierber wiene, al wie it let, foar fêst út Fryslân ferdwûnen yn 'e heale iuw tusken 1620 en 1670. Dat proses, sa skreau Wiebe yn syn nei alle gedachten meast spraakmeitsjend artikel 'Church, state and people', rûn lykop mei de stadige bestjurring dy’t de Nederlânske maatskippij yn dat tiidrek trochmakke. It is in byld dat ûnderwilens mandélich goed wurden is by histoarisy.

Hans Cools, senior ûndersiker iermoderne skiednis by de Fryske Akademy: 'Wiebe Bergsma schreef graag en opvallend vaak over geleerden. Maar daarbij ging het hem niet om de slippendragers van de macht. Zijn sympathie ging veeleer uit naar intellectuelen die min of meer noodgedwongen langs de zijlijn stonden, mannen die hun idealen bleven koesteren, ondanks de prijs die ze daarvoor in maatschappelijk opzicht betaalden. Zo iemand was Wiebe zelf ook.'

Bergsma wie ta lid beneamd fan 'e Fryske Akademy (yn 1984) en fan 'e Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. Dêrneist wie er as redakteur lange tiid ferbûn oan it Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis en Doopsgezinde Bijdragen. Noch krekt foar syn ferstjerren hat Bergsma as gastredakteur de lêste hân lein oan in sympoasiumbondel fan tydskrift It Beaken oer Erasmus en de Friezen.

Direksje en meiwurkers fan 'e Fryske Akademy tinke oan him werom as in entûsjast, skerpsinnich en tawijd wittenskipper. Wiebe Bergsma lit twa bern nei.

Selektive bibliografy fan Wiebe Bergsma

Aggaeus van Albada (c. 1525-1587), schwenckfeldiaan, staatsman en strijder voor verdraagzaamheid, Meppel, 1983, 226 s. (dissertaasje Ryksuniversiteit Grins)

'Church, state and people', yn K. Davids & J. Lucassen eds., A Miracle Mirrored. The Dutch Republic in a European Perspective, Cambridge (Cambridge University Press), 1995, 199-228 (oerset as 'Kerk, staat en volk', yn K. Davids & J. Lucassen eds., Een wonder weerspiegeld. De Nederlandse Republiek in Europees perspectief, Amsterdam (Aksant), 2005, 183-212.

Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650, Hilversum (Verloren) en Ljouwert (Fryske Akademy), 1999, 652 s.

'Grafstenen en rouwborden in context. Religie en cultuur in Cornjum en Leeuwarden ten tijde van Gorlaeus', It Beaken, 76 (2014), 106-169).