Skip to main content

Grut Frysk Diktee op 4 april

Op tiisdeitejûn 4 april wurdt it fyftjinde Grut Frysk Diktee holden. De Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert is no ek wer de arena dêr’t de dikteeskriuwers tsjininoar stride.

It diktee sil dit jier skreaun wurde troch aktrise, sjongeres en skriuwster Tet Rozendal. Karen Bies, presintratrise by Omrop Fryslân, sil de dikteetekst foarlêze. Omrop Fryslân stjoert it diktee út op woansdei 5 april.

 

Kwalifisearje

Wa't meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee sil him of har kwalifisearje moatte fia in kwalifikaasjediktee. Dat kin fia in spesjale webside dy't meikoarten yn de loft komt. Tusken 8 en 19 maart kinne minsken har kwalifisearje.

 

Organisaasje

Alle jierren yn 'e maitiid organisearret de Fryske Akademy it Frysk Diktee yn 'e mande mei de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân, Afûk en Cedin Expertisecentrum Meertaligheid. Op dy dei wurdt foar de groepen 7 en 8 fan 'e basisskoallen it Lyts Frysk Diktee organisearre en foar de grutte minsken it Grut Frysk Diktee.

Sjoch ek: