Skip to main content

In nij Amelander Woa'deboek

It Amelân hat in eigen dialekt. Dat hat skaaimerken fan it Frysk mar tagelyk ek fan it Nederlânsk; wat dat oangiet is it in broerke fan oare mingdialekten lykas as it Stedsk en it Bildtsk. Hoewol grûndearre op deselde formule hat it Amelânsk dochs ek in fiks tal eigen skaaimerken. Hiel bysûnder is ek it grutte tal ferskillen op it eilân sels, benammen tusken de eastlike en westlike doarpen, dêr't Ballum dan soms wer in eigen posysje ynnimt.

It wie Anton Oud (1935-2006) dy't troch syn memmetaal sa ynspirearre waard dat er besleat om dy fêst te lizzen. Oud waard berne yn Buren, dêr't er ek syn opwoechs. Letter ferfear er nei De Jouwer. Yn 1977 begûn er mei it sammeljen en beskriuwen fan Amelanner wurden, dat tsien jier letter útgroeie soe ta it by de Fryske Akademy útkommen Woa'deboek fan ut Amelands.

Dy útjefte smiet in soad positive reaksjes op, en dy brochten de gearstalder der ta om nei syn pinsjonearring oan in nije en folle wiidweidiger ferzje te begjinnen. Op 'en nij stipe fan in eilanner wurkgroep teach er fûl oan it wurk. Spitigernôch waard er slim siik, mar it slagge him dochs noch om foar syn dea in folsleine ferzje fan it wurdboekpart op te leverjen. Dy waard dêrnei noch troch leden fan 'e wurkgroep oanfolle, benammen mei dialektyske ynformaasje, en dêrnei ûndergie it manuskript op 'e Fryske Akademy ek noch ferskillende bewurkings. It wurdboek wurdt besoarge troch taalkundich ûndersiker Siebren Dyk.

It nije Groat Amelander Woa'deboek hat mei syn goed 900 siden de neifolgjende ûnderdielen:

  • In ynliedend part mei ûnder oare in karakterisearring fan it dialekt en in behanneling fan stavering en útspraak en oare grammatikale eigenskippen. Ta oantinken fan 'e auteur is der in In Memoriam Anton G. Oud opnommen.
  • It wurdboekpart is mei syn 640 siden neffens de edysje fan 1987 bot útwreide. Der is rom omtinken foar fêste útdrukkings en typyske Amelanner formulearrings. Sa komt de eilander taal foar de brûker ta libben.
  • In yndeks dy't fia it Nederlânsk tagong jout ta it Amelânsk, en dy't sa as in alderearste begjin fan in wurdboek Nederlânsk-Amelânsk sjoen wurde kin.
  • In oersjoch fan eilanner foarnammen en streeknammen, yn 'e mande mei in kaart.

It Groat Amelander Woa'deboek is in besit fan bliuwende wearde, net allinnich foar alle Amelanners, mar ek foar taalleafhawwers op it fêstelân.

It ynbûne wurdboek ferskynt yn novimber 2016. Oant 1 oktober kin der by de Afûk op yntekene wurde foar 35 euro, dêrnei wurdt de priis 44,95.