Skip to main content

Ried fan Tafersjoch evaluearre

Op fersyk fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en it bestjoer fan de Provinsje Fryslân hat in evaluaasjekommisje him oer it funksjonearjen fan de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy bûgd. Oanlieding dêrfoar wiene sinjalen fan de direkteur-bestjoerder en fan de foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch oer de taakopfetting fan inkelde leden fan de Ried.

Wichtichste oanrekommandaasjes

  • De evaluaasjekommisje hat yn oerlis mei de KNAW en de Provinsje fêststeld dat de finansjele situaasje fan de Fryske Akademy sûn is. Gean dêrom fierder mei it finansjeel belied lykas fêstlein is yn mearjierrekaders.
  • Folje de Ried fan Tafersjoch, dêr’t koartlyn twa leden har út weromlutsen hawwe, sa gau as mooglik wer oan ta it gewoane oantal fan fiif leden.
  • Bring it húshâldlik reglemint by de tiid, dat it sadwaande mear rjocht docht oan de tafersjochhâldende taak fan de Ried en ynspilet op resinte ynsichten oer de governance fan non-profitorganisaasjes. De Governance Code Cultuur kin as paadwizer tsjinje.
  • Lit de Ried fan Tafersjoch, as it giet om wichtige kwestjes, fungearje as sparringpartner foar it management fan de Fryske Akademy, lykas de ‘portfolio-evaluaasje’ fan de ynstituten fan KNAW en NWO dy’t foar 2018 op priemmen stiet (Wittenskipsfyzje 2025 fan it kabinet).

Gearstalling kommisje
De evaluaasjekommisje bestie út Douwe Breimer (âld-rektor magnifikus Universiteit Leiden) en Frans Zwarts (âld-rektor magnifikus Ryksuniversiteit Grins).

Ferfolch
De opdrachtjouwers binne de kommisje tankber foar de faasje dêr’t er it wurk mei oanpakt hat, foar de deeglike analyze en de heldere oanrekommandaasjes. Hja kinne har weromfine yn de konklúzjes en sille by it ynfoljen fan de fakatueres yn de Ried fan Tafersjoch hannelje yn line mei de oanrekommandaasjes.

It rapport sels bliuwt fertroulik. Alle oanfoljende fragen fan de parse wurde skriftlik ôfhannele.