Skip to main content

'De Fryske Akademy is fan ús'

"Wy wolle dat de FA him ûntjout ta it bêste saakkundicheidssintrum Meartaligens fan Europa. Dat soe yn 'e mande mei de ekspertize fan Mercator oangeande meartaligens, in ynternasjonaal topsintrum opsmite kinne. Mar it kin ek in wichtige bydrage leverje oan de sosjale koheezje yn ús eigen lân."

Dat skriuwt de Maatskiplike Advysried (MAR) fan 'e Fryske Akademy yn it fyzjestik 'De Fryske Akademy is fan ús'. Boppedat fynt de MAR dat Fryske taalynstitúsjes en organisaasjes it wurkjen oan en mei de Fryske taal mear opinoar ôfstimme moatte, om sa effisjint as mooglik safolle mooglik te berikken.

"Fierder binne wy fan betinken dat de University Fryslân gearwurkje moat mei en in oanfolling wêze moat op it wurk fan de Akademy, om sa it akademysk klimaat yn Fryslân te fersterkjen", stelt de MAR. "Itselde jildt foar gearwurkjen mei oare ynstellingen lykas de RUG. Der moat te foaren kommen wurde dat dissiplinen fan de FA oernommen of útholle wurde troch de UF."