Skip to main content

drs. L. (Lysbeth) Jongbloed-Faber

Spesjalismen

taalgebrûk op sosjale media 

 

Projekten

Taalfitaliteit II: taalgebrûk fan Friezen op sosjale media (ûndersiker)

 

Biografy

Lysbeth Jongbloed-Faber (Bitgummole 1976) die in bachelor yn Business and Languages oan de Ljouwerter NHL en hat dêrnei kommunikaasjekunde oan de Ryksuniversiteit Grins studearre. Lysbeth hat in soad ynternasjonale ûnderfining opdien en hat ûnder oaren studearre en wurke yn Sweden, Frankryk, Feriene Steaten en Sina.

Sûnt 2013 wurket se by de Fryske Akademy as ûndersiker fan it taalgebrûk fan Friezen op sosjale media. Yn 2013 en begjin 2014 lei de fokus op Fryske jongerein. De resultaten fan har ûndersyk nei taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media hawwe in soad mediaomtinken opsmiten. Sjoch hjir foar in útstjoering fan it tv-programma Bynt dêr’t Lysbeth oan meiwurke. Op it stuit ûndersiket Lysbeth it taalgebrûk fan alle Friezen, jong en âld, op sosjale media.

Dêrneist is se meiwurker oan it multidisiplinêre projekt Twidentity, opsetten troch it Meertens Instituut yn gearwurking mei de Universiteit Maastricht, Universiteit Twente en de Fryske Akademy, dêr’t ûndersyk dien wurdt nei de ferskillen en oerienkomsten yn it brûken fan (streek)taal troch Limburgers en Friezen op Twitter. Se is ek belutsen yn it Heit & Mem-panel, in ûndersyksprojekt oprjochte troch de Afûk en SFBO dêr’t ûndersyk dien wurdt nei taalûntwikkeling fan bern yn Fryslân.

 

Publikaasjes (seleksje)

 

 

Yn 'e media