Skip to main content

Ekonomyske fitaliteitssken 2016

Nettsjinsteande it tebekrinnen oan wurkgelegenheid bliuwt de yndustriële sektor in ekonomyske pylder yn Noardeast-Fryslân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Fryske Akademy. It ûndersyk, dêr’t ek de provinsje Fryslân en de Rabobank oan meiwurken, is publisearre as earste ‘ekonomyske fitaliteitssken’ út in rige fan fjouwer stúdzjes nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân.

Neffens projektlieder Marijn Molema bliuwt Noardeast-Fryslân ‘ekonomysk sjoen kwetsber’. Sûnt de ekonomysk krisis stiet de bou en yndustriële niverheid ûnder druk. Omdat dy sektoaren yn Noardeast-Fryslân oerfertsjintwurdige binne, rekke de regio in boppegemiddeld tal banen kwyt sûnt 2008. Yn kombinaasje mei demografyske krimp set soks de leefberens ûnder druk.

Ljochtpunten
Dochs lit de fitaliteitssken dúdlike ljochtpunten sjen. Yndustriële ûndernimmings boekten de lêste jierren boppegemiddelde winsten. Fan de winst waard 12 prosint op ’e nij ynfestearre, in persintaazje dat hast 2 prosint heger leit as de lanlike trochsneed. ‘It is mooglik dat de regionale yndustry dêrtroch sterker út de krisis komt’, stelt ûndersiker Bart Hoogeboom.

Syn yndustriële basis hat Noardeast-Fryslân mei te tankjen oan it oerheidsbelied fan de neioarlochske desennia. Foar de takomst wurdt yn de fitaliteitssken wiisd op nije foarmen fan yndustrybelied, yn en bûten de regio, dy’t oanslute by de hjoeddeiske netwurkekonomy. Sa wurdt it oparbeidzjen yn de itensyndustry en de metaalniverheid as kânsryk sjoen. Netwurken kinne ynnovaasje, regioprofilearring en oare ûntjouwings stimulearje. De oerheid kin dêr as yntermediêre partij in rol yn ferfolje.

De kommende jierren sil it ûndersyk fuortsetten wurde, mei as doel om in kennisbydrage oan it ekonomysk belied te leverjen. Oant en mei 2019 komt der alle jierren in fitaliteitssken fan Noardeast-Fryslân dêr’t in ekonomyske sektor sintraal yn stiet. Ankom jier is dat de agrofoodsektor.