Skip to main content

Fjouwer nije Akademyleden

Foto's: Karin van der Woude

Fjouwer persoanen binne fan 'e middei ta lid fan 'e Fryske Akademy beneamd: Saskia Bak, Jannewietske de Vries,  Cees Buisman en Johannes Boonstra. Dat barde op 'e jierlikse Akademydei, dy’t dit jier yn it Natuermuseum yn Ljouwert wie.

Saskia Bak wie fan 1999 oant 2015 efterinoar adjunkt-direkteur, lid fan 'e ried fan bestjoer en algemien direkteur fan it Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof. Yn 'e hjerst fan 2015 waard se direkteur fan Museum Arnhem.

Tekenjend fan har bestjoerlik talint is dat se yn 'e mande mei meiwurkers en adviseurs deryn slagge de nijbou fan it Fries Museum yn de stelde tiid en binnen it budzjet del te setten. Ek hie se as bestjoerder in wichtige stim yn it nije keunstdepot, dêr't behalven Fries Museum en Princessehof ek Tresoar en Fries Natuurmuseum harren kolleksjes ûnderbringe. Se hat mei oare wurden in soad betsjut foar de keunsthardware yn Ljouwert yn ’e ôfrune jierren.

Under de besieljende lieding fan Cees Buisman en Johannes Boonstra, de wittenskiplik respektyflik saaklik direkteur, groeide Wetsus út ta in topynstitút dêr’t 105 ynternasjonale bedriuwen en 22 kennisynstellingen út hiel Europa yn gearwurkje, yn har stribjen om oplossingen te bieden foar de wrâldwetterproblematyk.

Buisman is in renomearre wittenskipper dy't oplossingen besiket te finen foar ien fan de grutte problemen fan dizze wrâld, de drinkwetterfoarsjenning. Dêr't Buisman de ideeën foar de lange termyn ûntwikkelet, konsintrearret Boonstra him op de deistige praktyk. Oer de fêstiging fan Wetsus yn Fryslân sei er ris dat dat folslein logysk is, om't de wetterbehannelingssektor fanâlds al konsintrearre is yn 'e provinsje en hjir relatyf sjoen de measte bedriuwen yn dy branche fêstige binne. Boonstra wie in driuwende krêft efter de fêstiging fan 'e startbedriuwen yn de Johannes de Dopertsjerke yn Ljouwert en hat him mei oerjefte ynset foar de realisaasje fan it nije gebou.

Jannewietske de Vries wurdt beneamd foar har fertsjinsten foar de Fryske kultuer. De Vries hat har as deputearre foar taal, ûnderwiis en kultuer yntinsyf ynset foar de befoardering fan 'e kultuer yn Fryslân, de Fryske taal en streektalen. Sûnder Jannewietske de Vries wie it net slagge dat Ljouwert útkeazen waard as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018.

Sy hat in wichtige bydrage jûn oan it tastânbringen fan 'e Wet Gebruik Friese Taal en wiziging fan ûnderwiiswetten om it foech oer it ûnderwiis yn it Frysk oer te dragen fan 'e ryksoerheid oan ’e provinsje Fryslân. In konkrete útwurking dêrfan is de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, dêr’t ek de posysje fan ’e Fryske Akademy as selsstannich KNAW-ynstitút yn ferankere is.