Skip to main content

Frysk yn Google Translate

It idee wie al faker oppenearre om it Frysk yn Google Translate op te nimmen, mar Anne Dykstra – doe noch as leksikograaf wurksum by de Fryske Akademy – naam yn july 2014 de earste stap mei it stjoeren fan in mailtsje nei Google. Tagelyk rôp er elkenien dy’t knap Frysk skriuwe kin op en help mei Ingelske sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk.

Troch it mânsk krewearjen fan frijwilligers en de stipe dy’t de Provinsje Fryslân de lêste moannen joech oan it ynisjatyf is it Frysk as oersettaal fan febrewaris 2016 ôf beskikber yn Google Translate. Tongersdei 18 febrewaris fierde de taalmienskip dat yn in grôtfolle seal yn it Provinsjehûs. ‘Wy sitte der by, jonges!’, iepene Dykstra syn taspraak. De tafoeging fan it Frysk waard ûnder oaren fierd mei in spesjaal optreden fan De Kast. Learlingen fan CSG Liudger yn Burgum joechen in demonstraasje fan hoe’t de oersettingen yn Google Translate wurkje.

De Fryske taal is de nijste taal dy’t tafoege is oan Google Translate – tegearre mei it Korsikaansk, Hawaïaansk, Koerdysk, Skotsk Gaelic, Amhaarsk, Kirgizysk, Lúksemboarchsk, Samoaansk, Shona, Sindhi, Pashto en Xhosa. It is no mooglik om yn de oersettsjinst teksten yn bygelyks it Nederlânsk, Ingelsk of Japansk oer te setten fan en nei it Frysk.

De ôfrûne moannen hawwe in stikmannich Friezen hurd wurke oan it beskikber meitsjen fan it Frysk yn Google Translate. Yn de hjerst fan 2015 organisearre de Provinsje Fryslân de ‘Fryske Google Translate Wike’. Yn dy wike waarden mear as in miljoen wurden oerset fan it Ingelsk nei it Frysk.

Gean nei: