Skip to main content

Grammatika fan it Frysk fan Sealterlân

Ein 2021 hat de Fryske Akademy de earste ferzje oplevere fan in grammatika fan it Frysk fan Sealterlân: Grammatik des Saterfriesischen. Saterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer.

It projekt wurdt betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). Ynearsten wie der inkeld subsydzje jûn foar 2021, mei yngong fan 1 oktober, mar wy hoopje dat de FA ek de kommende jierren in jierlikse subsydzje takend krije sil.

It projekt is yn 2021 útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Dêrnjonken is op dit stuit ek stazjêre en studinte Dútsk (Carl-von-Ossietzky-Univ. Oldenburg) Tessa Leppers ferbûn oan it projekt. Fierder is der stipe fan Henk Wolf (hauptamtlicher Saterfriesisch-Beauftragter) en Pyt Kramer (Mildaam). De nije grammatika is in útbou fan Pyt Kramer syn koarte grammatika út 1982 (werprinte yn 1996).

It leit yn ‘e bedoeling en meitsje de grammatika oan ‘e ein fan it projekt net inkeld beskikber yn it Dútsk, mar ek yn it Ingelsk (taalportaal.org). Wy hoopje njonken it grammatikale ûndersyk ek omtinken te jaan oan ‘e taalsosjologyske stân fan saken en in bydrage te leverjen oan ‘e fersprieding fan ‘e kennis fan dizze lytste taal fan Europa. By einsluten wolle wy yn 2022 ek in wurkferbân oprjochtsje foar de taalkundige stúdzje fan it Sealter Frysk, en dan ek omtinken jaan oan kontakten mei sprekkers, stipers en sneupers.

Link nei de Grammatik: https://www.seeltersk.de/wp-content/uploads/GRAMMATIK-DES-SATERFRIESISCHEN-VERSION-DEZ-2021.pdf