Skip to main content

Grieteke Schrama winner Lyts Diktee

Foto's: Siem Akkerman/Provinsje Fryslân

Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 16 flaters waard sy hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Twadde waard Baukje Anna Klimstra fan De Griffel yn Ljussens mei 20,5 flaters. Emma Koree fan De Eker yn Eanjum einige op it tredde plak mei 21,5 flaters.

Der dienen yn totaal 22 learlingen fan 10 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwster Lida Dijkstra skreau de dikteetekst en lies fan it jier it diktee foar. Lida Dijkstra is al 25 jier skriuwster fan berneboeken. Ynkoarten ferskynt har nije berneboek ‘It spûkskip en 24 oare koarte ferhalen’ mei 25 ferhalen fan de skriuwster.

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.