Skip to main content

Grut Diktee op Aldehoustertsjerkhôf

Wout Zijlstra, Habtamu de Hoop en Griet Wiersma dogge mei!

It hiele Ljouwerter Aldehoustertsjerkhôf fol mei skoalbankjes, mei minsken, jong en âld, dy´t oan it Grut Frysk Diktee skriuwe op tongersdeitejûn 21 juny. It doel is om in rekôr oantal minsken meiskriuwe te litten en elk kin meidwaan. Bekende Friezen lykas âld-politika Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop, de nije presintator fan it Klokhuis, sterke mannen heit en soan Zijlstra en sjongeres Griet Wiersma dogge al mei. Welmoed Sijtsma, presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, skriuwt de tekst foar it diktee. Hja lêst it ek foar op de langste dei fan it jier.

Elk kin meidwaan

Yn it ramt fan LF2018 en Lân fan taal, hat it Grut Frysk Diktee dit jier in oare opset. De organisaasje wol sa folle mooglik minsken meiskriuwe litte oan it diktee yn in ultym stribjen om ta in rekôr te kommen. Elkenien boppe de tolve jier kin meidwaan, in kwalifikaasje is fan ‘t jier net nedich, opjefte wol: dat kin oant 1 juny op: www.fryskdiktee.frl.

Live meiskriuwe

De útstjoering fan it Grut Frysk Diktee is op tongersdeitejûn 21 juny rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân. It diktee kin thús live meiskreaun wurde fia de website www.fryskdiktee.frl. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe’t se it der sels fan ôf brocht hawwe.

Organisaasje

It Grut Frysk Diktee 2018 wurdt organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân, Lân fan taal en Omrop Fryslân.