Skip to main content

Hoe wurket twataligens yn it brein en wat moatte wy dêrmei yn it ûnderwiis?

It European Journal of Psychology of Education hat koartlyn in artikel publisearre fan Dr.  Evelyn Bosma, taalwittenskipper fan de Fryske Akademy. Yn ‘e mande mei  Prof. Dr. Elma Blom, Dr. Arthur Bakker en Linda Zenger van Schuppen MSc ûndersocht Bosma hoe’t twataligens yn it brein wurket en wat we dêrmei moatte yn it ûnderwiis. Dizze review lit sjen hoe't de wurdskatûntwikkeling fan twatalige bern stipe wurde kin troch translanguaging, it doelbewust trochinoar brûken fan ferskate talen yn it ûnderwiis.

De wurdskatûntwikkeling fan twatalige bern fertoant wichtige oerienkomsten mei dy fan ientalige bern, mar dat wurdt noch wolris oer de holle sjoen. Alle bern bouwe yn har holle in netwurk fan wurden dy't ûnderling mei-inoar ferbûn binne troch oerienkomsten yn klank of betsjutting. Wat mear fan sokke konneksjes, wat better, want dy soargje foar in rappere wurdskatûntwikkeling en in better lêsbegryp.

It is dêrom wichtich dat it ûnderwiis net allinnich rjochte is op it learen fan nije wurden, mar ek op it kreëarjen fan ferbiningen tusken dy wurden. Dit kinne je bygelyks dwaan troch wurden yn ferskate konteksten te brûken of troch de relaasjes tusken wurden sjen te litten ("koerzjettes en aubergines binne grienten").

Relevant foar it ûnderwiis oan twatalige bern is dat sy yn de holle net allinnich ferbiningen kreëarje tusken wurden fan deselde taal, mar ek tusken wurden fan ferskillende talen. Twatalige bern ûntwikkelje dus ien leksikon, dêr't wurden fan beide talen mei-inoar ferbûn binne. Yn de Klokhuis-ôflevering oer twataligens wurdt dit útlein oan de hân fan de boustiennen fan in hûs (https://www.hetklokhuis.nl/tv-uitzending/4768/tweetaligheid). Klokhuis makke de ôflevering nei oanlieding fan de Klokhuiswittenskipspriis dy't yn 2020 wûn waard troch Evelyn Bosma en Naomi Nota.

Dit ynsjoch is krúsjaal foar it ûnderwiis, want it betsjut dat it ûnderwiis oan twatalige bern him net allinnich rjochtsje moat op it fersterkjen fan de wurdferbinings binnen in taal, mar ek op it fersterkjen fan de wurdferbiningen tusken talen. As twatalige bern yn de holle in soad fan dit soarte tuskentalige ferbinings oanmeitsje, dan kinne harren twa talen inoar prachtich fersterkje.

Yn de review komme Bosma en har kollega's ta de konklúzje dat translanguaging in goede strategy is om dit te berikken. Translanguaging kinst bygelyks tapasse troch bern ûnderinoar oerlizze te litten yn harren memmetaal, troch se yn de klasse te freegjen hoe't se in bepaald konsept yn harren eigen taal beneame soene, of troch se lêze en skriuwe te litten yn beide talen.