Skip to main content

Keetje Hodshon Prijs foar proefskrift

Foto: Jeroen Hiemstra

18 maaie 2021 - De Keetje Hodshon Prijs 2021 is takend oan dr. Evelyn Bosma, foar har proefskrift Bilingualism and cognition: the acquisition of Frisian and Dutch (Universiteit van Amsterdam, oktober 2017). De priis wurdt útrikt op freedtemiddei 18 juny yn in online te folgjen gearkomste fan 16.00-17.30 oere, mear ynformaasje dêroer folget op: https://khmw.nl/agenda/.

Oanmoedigingspriis
De Keetje Hodshon Prijs is ynsteld troch de J.C. Ruigrok Stichting te Haarlim as oanmoedigingspriis foar ûndersikers dy’t yn it jier fan takenning net langer as fiif jier lyn promovearre binne, as bekroaning fan oarspronklik ûndersyk op it mêd fan de geasteswittenskippen. De priis wurdt alle jierren takend foar ûndersyk op ien fan de neikommende gebieden: Taalwittenskippen, Literatuerwittenskippen, Histoaryske wittenskippen, Wiisbegearte en/of Godgeleardens.

Har promoasje-ûndersyk die Evelyn Bosma oan de Fryske Akademy fan 2013-2017. Op dit stuit is hja ûndersiker/dosint by it Centre for Linguistics fan Universiteit Leiden en gastûndersiker by de Fryske Akademy. Fan septimber ôf sil se by de Fryske Akademy te set as postdoktoraal ûndersiker Meartalige Geletterdheid.