Skip to main content

Koroanawurdlist

Foto: Pete Linforth (Pixabay)

De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy't te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

Advys
De list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy't yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne. De wurden yn de list binne stavere neffens de regels dy't de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat.

De list jout foar it Frysk it advys om corona yn it Frysk as koroana te skriuwen, omdat de lange oo yn in wurdlid dêr't de klam op falt yn 'e regelal gau as oa útsprutsen en dêrom ek mei oa skreaun wurdt. De skriuwwize koroana slút sadwaande oan by de stavering fan wurden as soan, gewoan, ammoanium, begoania.

Wurdlist en taljochting
De koroanawurdlist en in neiere taljochting steane hjir. De list sil as it nedich is, geregeldwei aktualisearre wurde.