Skip to main content

Kustsône Noard-Hollân online

Velsen fan boppen mei leginda

25 maart 2021 - De kaarten út 1832 fan de kustsône Noard-Hollân, ynklusyf ynformaasje oer de eigeners fan de perselen en de hichte fan de betelle belesting, binne no online te finen op de website HisGIS. Dêr is in skat oan gegevens mei ûntsletten, dêr't ûnder mear histoarisy, ekologen, terreinbehearders en lânsskipsspesjalisten mar gebrûk fan meitsje kinne.

Yn dit mânske digitale databestân op HisGIS binne de âldste kadastrale kaarten te finen, mei de byhearrende eigeners- en perseelsgegevens, foar rûchwei it gebiet tusken Hillegom en Den Helder, dêr't de stêden Haarlim, Alkmaar en Medemblik diel fan binne. It systeem beslacht 54 kadastrale gemeenten, mei sa’n 100.000 perselen, allegear opmetten yn de perioade 1811-1832.

Ynzoome op it ferline
Krekt as de oare HisGIS-projekten is dit projekt bedoeld as kapstok fan digitale kennis oer minsken, besit, erfgoed, lânskip en sosjale en ekonomyske ûntjouwings yn it ferline. Dy data kinne oer oare kaarten hinne lein wurde, lykas hichtebestannen, loftfoto's of âlde topografyske kaarten. Yn ien eachopslach wurdt dúdlik, hoe oars oft it der mei it lânskip earder hinne lei. Tusken Heemstede en Aalsmeer is de Haarlimmermar noch te sjen. Beverwyk en Velsen grinzje noch oan de Wikermar en de wenplakken binne in stik lytser as no. Mar oars as by oare histoaryske kaarten, kin der no sa fier ynzoomd wurde as men mar wol.

It projekt is troch de Fryske Akademy, it Humanities Cluster fan de KNAW en it Noord-Hollands Archief (NHA) útfierd, mei stipe fan de argeologyske ôfdieling fan de provinsje Noard-Hollân. Mei help fan in soad frijwilligers fan it NHA binne de perseelsgegevens út de Oarspronklike Oanwizende Tafels (Oorspronkelijke Aanwijzende Tafels (OATS’s)) yn in database ynfierd. In tafel is in register út 1832 dêr't per perseel ynformaasje yn stiet oer bygelyks de eigener, de grutte en wêr't it perseel foar brûkt waard, lykas in hûs, in dyk, in bosk, in greide, polderwetter. 

Ynformaasjespesjalist publyk Jan Kruidhof fan it Noord-Hollands Archief is wiis mei de ôfrûning fan dit projekt en de tafoeging fan de Noard-Hollânske kustsône oan HisGIS: “Dit is een geweldige bron, die geschiedenis heel dichtbij brengt. Je kunt nu, een beetje vergelijkbaar als bij Google Maps, een stuk grond aanklikken en kijken van wie die grond was, waarvoor het gebruikt werd en wat het waard was. Dit is voor historici en andere wetenschappers, maar ook voor iedereen die gewoon meer wil weten over de geschiedenis van de plekken waar wij nu wonen en werken van grote waarde".