Skip to main content

Jongbloed-Faber, drs. L. (Lysbeth)

Spesjalismen

Fryske taalfarianten op sosjale media 

 

Projekten

Taalfitaliteit II: taalgebrûk fan Friezen op sosjale media (ûndersiker)

 

Biografy

Lysbeth Jongbloed-Faber (Bitgummole 1976) die in bachelor yn Business and Languages oan de Ljouwerter NHL en hat dêrnei kommunikaasjekunde oan de Ryksuniversiteit Grins studearre. Lysbeth hat in soad ynternasjonale ûnderfining opdien en hat ûnder oaren studearre en wurke yn Sweden, Frankryk, Feriene Steaten en Sina.

Sûnt 2013 wurket se by de Fryske Akademy as ûndersiker fan it taalgebrûk fan Friezen op sosjale media. De resultaten fan har ûndersyk nei taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media hawwe in soad mediaomtinken opsmiten. Sjoch hjir foar in útstjoering fan it tv-programma Bynt dêr’t Lysbeth oan meiwurke. Yn novimber 2015 is Lysbeth begûn as promovenda mei Leonie Cornips fan Maastricht University as promotor. Yn de kommende jierren sil se fierder ûndersyk dwaan nei it gebrûk fan Fryske taalfarianten op sosjale media.

 

Publikaasjes (seleksje)

Jongbloed-Faber, L., Van de Velde, H., Van der Meer, C. & Klinkenberg, E.L. (2016). Language Use of Frisian Bilingual Teenagers on Social Media. Treballs de Sociolingüística Catalana, 26, 27-54.

Jongbloed-Faber. L. (2015). Friezen op sosjale media. Ljouwert: Mercator Research Centre.

Jongbloed-Faber. L. (2014a). Taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Ljouwert: Mercator Research Centre.

Jongbloed-Faber. L. (2014b). Social media: a treasure trove for minority language research. In K. Woodfield (ed.), Social Media in Social Research: Blogs on Blurring the Boundaries (pp. 189-194). London: Natcen Social Research.

 

Yn 'e media

Sterre Leufkens en Marten van der Meulen, Schrijf maar Fries, Onze Taal 2016-1 (januari 2016).

Maria Del Grosso, 'Wol wolle, mar net kinne', Leeuwarder Courant fan 4 desimber 2015.

'Frysk kin noch mear brûkt wurde op sosjale media', Omrop Fryslân, 3 desimber 2015 (ynterview).

Maria Del Grosso, Friese taal verbindt culturele hoofdsteden nu al, Leeuwarder Courant fan 20 maart 2015.

Lysbeth Jongbloed, It Frysk ferbynt, taspraak op de Warnsbetinking fan 27 septimber 2014.

'Social Media in Bilingual Environments: Online Practices of Frisian Teenagers', Rising Voices, 6 maaie 2014 (bloch).