Skip to main content

Nelleke IJssennagger nije direkteur

De Fryske Akademy hat in nije direkteur-bestjoerder: dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Mei yngong fan 15 maart 2021 nimt hja de ferantwurdlikheid foar de Fryske Akademy oer fan ynterim direkteur-bestjoerder drs. Willem Smink.

Oer Nelleke IJssennagger
Nelleke IJssennagger (Hengelo (Oerisel), 1986) hat binnen en bûten Fryslân wittenskiplik en as organisator fan programma’s en projekten it nedige út ‘e wei set. Earder wie se konservator by it Fries Museum en as dosint wie se ferbûn oan de Ryksuniversiteit Grins (RuG). Op dit stuit is se kurator by de National Trust yn Cornwall (FK). Se studearre Skandinavyske Talen en Kultueren oan de RuG en die dêr dêrnei de Research Master Classical, Medieval and Renaissance Studies. Yn 2017 promovearre se – ek oan de RuG - op it proefskrift Central because Liminal: Frisia in a Viking Age North Sea World.

De Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy is tige wiis mei dizze beneaming. Prof. Jacob Fokkema, foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch: “Mei Nelleke IJssennagger krijt de Fryske Akademy in enerzjike wittenskipper as bestjoerder, dy’t thús is yn Fryslân.” De Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en provinsje Fryslân hawwe posityf oer de beneaming advisearre.