Skip to main content

NO-Fryslân 'kwetsber en kânsryk'

De fjirde en lêste Economische Vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân makket de balâns op: de mienskip yn Noardeast-Fryslân is sawol kwetsber as kânsryk.

Sûnt 2005 nimt de befolking ôf. Benammen yn tiden fan ekonomysk resesje is de regionale ekonomy kwetsber. Hoewol’t de wurkgelegenheid it ôfrûne jier omheech gien is nei 40.800 banen, leit dat oantal noch altiten rom 3 prosint leger as oan de foarjûn fan de ekonomyske krisis yn 2008.

Dochs hat de regio in soad te bieden. Kânsrike sektoaren binne de bou, metaal, lânbou en toerisme. It binne sektoaren dêr’t it sterke arbeidsetos fan de Noardeast-Friezen ta syn rjocht komt. De natuerlike omjouwing jout allyksa kânsen. Mei twa nasjonale parken, de Noardlike Fryske Wâlden en it Waad hat it gebiet fjouwer sterke streekmerken.

In lêste troef is de bestjoerlike gearwurking: de regio hat him de ôfrûne desennia súksesfol op de kaart set. De lêste Vitaliteitsscan rikt ideeën oan foar it trochgean mei dy gearwurking.

Mearjierrich ûndersyk
Mei de lêste Economische Vitaliteitsscan slút de Fryske Akademy in mearjierrich ûndersyk ôf. It ûndersyk waard yn ‘e mande mei de provinsje útfierd en rjochte him op de fjouwer mei-inoar oparbeidzjende gemeenten yn Noardeast-Fryslân (Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dantumadiel). It ûndersyk jout sicht op de ekonomy fan it gebiet. It hat bydroegen oan de ‘versnellingsagenda’ wêrmei’t de kommende jierren ynvestearre wurdt yn Noardeast-Fryslân.