Skip to main content

Nyk de Vries skriuwt Frysk Diktee

Foto: Jacob van Essen

Nei it geweldige sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.

It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries. Twa jier lang is hy de poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Earder skreaun hy ûnder oare de gedichtebondels Motorman en De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Yn 2015 kaam syn tredde roman Renger út.

It diktee is dit jier live te folgjen fia de livestream op de website www.fryskdiktee.nl. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.

Kwalifisearje
Wa’t meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee 2020 moat him yn it foar kwalifisearje. Dat kin troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee tusken 17 febrewaris en 16 maart op de website fan it Grut Frysk Diktee: www.fryskdiktee.nl. Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee foar it lêste nijs: www.facebook.com/fryskdiktee.

Lyts Frysk Diktee
Op 21 april nimme ek de bêste Fryskskriuwende skoalbern it tsjin inoar op yn de Steateseal. Middeis wurdt dêr it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Skriuwster fan ûnder oare It Deiboek, Janny van der Molen, skriuwt it bernediktee. De bern kinne harren fia de eigen skoalle kwalifisearje foar it diktee.

Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Centrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân.