Skip to main content

Oprop foar tredde Letterkundedei

Op 6 novimber 2020 is yn Ljouwert de 3e Dei fan ’e Fryske Letterkunde, diskear yn gearwurking mei Tresoar. Wy binne op 'e syk nei nijsgjirrige sprekkers!

​Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje Tresoar en de Fryske Akademy in kongres oer it tema Befrijing yn 'e Fryske Literatuer. It kongres wurdt op freed 6 novimber 2020 holden by Tresoar yn Ljouwert, de stêd dy't sûnt dit jier de titel UNESCO City of Literature hat. De fiertalen binne Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.

It leafst ûntfange wy útstellen dy't passe by it tema, mar oare nijsgjirrige útstellen binne ek wolkom.

Wy wolle hjirmei minsken útnûgje om foar 1 july in útstel foar in lêzing (heal A4, maksimaal 1A4) op te stjoeren nei:

Meindert Reitsma: Meindert.Reitsma@tresoar.nl

Eric Hoekstra: ehoekstra@fryske-akademy.nl