Skip to main content

Oprop lêzingen 11de Taalkundedei

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne. De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presentaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen. Fanwege de ‘Myn taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom. Ofhinklik fan it tal ynstjoeringen sil der ek in postersesje wêze.

Wannear:   freed 19 novimber 2021
Wêr:           Fryske Akademy, seal Sânwâlden (of as it nedich is fanwege de koroanasitewaasje online)

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen). 

Wy roppe elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 septimber  – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân), e-mail:  ehoekstra@fryske-akademy.nl

Of mei de gewoane post nei:

Fryske Akademy,
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB  Ljouwert.

 

Sjoch ek:

  • Dei fan de Fryske Taalkunde