Skip to main content

Pân levertraanfabryk ferkocht

De Fryske Akademy hat it pân fan it eardere levertraanfabryk Draisma van Valkenburg ferkocht. It pân oan ’e Doelestrjitte 2-4 wie desennialang part fan it gebouwekompleks fan ’e Fryske Akademy.

It ôfstjitten fan it levertraanfabryk komt fuort út ’e yngeande nijbou en renovaasje fan ’e Fryske Akademy tusken 2014 en 2016. Mei de opbringst út ’e ferkeap hat de Fryske Akademy in part fan syn ynbring yn ’e finansiering fan it bouprojekt dutsen.

It pân stamt út 1869, doe’t it ferneamde levertraanfabryk Draisma van Valkenburg him hjir fêstige hie. It fabryk sleat syn doarren yn 1975, wêrnei’t de Fryske Akademy it pân yn gebrûk naam en syn wurkromte útwreidzje koe. De wurdboekseal en de hânbibleteek waarden ek yn it pân ûnderbrocht.

Yn 1999 folge noch in útwreiding fan ’e Fryske Akademy mei kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint, yn ’e eardere Noardertsjerke, dy’t lykwols yn 2016 omboud is ta wurkkompleks foar de wittenskiplike stêf. Dêrmei koe it eardere levertraanfabryk ûntromme en ôfstjitten wurde.

Hjoed is de keapakte passearre, dêr’t it pân mei yn hannen komt fan ’e famylje Gerlofs fan Wurdum.