Skip to main content

Premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

© Bund Deutscher Nordschleswiger binne

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dútslân in lyk fûn, de holle yn it iene lân en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dútske en in Deenske resjersjeur op paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dêrby helpe sille is mar de fraach.

De film is tige bysûnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglêzen. Dêr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen praat fan de streek fan Sleeswyk. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne ûntstien en elk is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch de Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, mei’t de film yn it Frysk ûndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintêres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dy’t him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

De film is allinnich te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris by Slieker Film yn Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjêre om 14:30 oere en in twadde fertoaning om 20:00 oere.