Skip to main content

Rapport oer it Súd-Lauwerslânsk

Gearfetting fan it rapport Taalvariatie in Zuid-Lauwersland

(Klik hjir foar it folsleine rapport)

Gearstallers: Pieter Duijff, Femmy Admiraal, Wilbert Heeringa, Eric Hoekstra, Wiebe Evert Zoethout en Hans Van de Velde. Fryske Akademy, juli 2021.

 

Yn de provinsje Fryslân wurdt neist it Frysk en it Nederlânsk in ferskaat oan taalfariëteiten praat.

Fan al dy fariëteiten binne earder wurdlisten, wurdboeken of grammatikale beskriuwingen ferskynd. De taalfariëteit yn it gebiet Súd-Lauwerslân súd fan de eardere Lauwerssee, east fan Kollum en west fan de Frysk-Grinslânske grinsrivier de Lauwers en noard fan it Prinses Margrietkanaal is lykwols nea goed yn kaart brocht. De Fryske Akademy hat no mei finansjele stipe fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en it Frysk Akademy Fûns in earste ûndersyk nei de taalfariaasje yn dat gebiet dien. It meastepart fan dat gebiet is ûntstien troch it ynpolderjen fan it súdlike part fan de brede mûning fan de rivier de Lauwers. It giet om de doarpen Muntsjesyl, Boerum, Warfstermûne en Kollumerpomp.Yn de doarpen Kollum, Gerkeskleaster en Strobos wurdt ek in mingtaalfariëteit praat en de taal fan dy trije doarpen is tagelyk ûndersocht.

 

Foar it ûnderyk binne ynwenners fan de doarpen ynterviewd. Yn it rapport wurdt in tal taalkundige skaaimerken fan it Súd-Lauwerslânsk analysearre en beskreaun. Foarbylden fan de ferskynsels binne de útspraak fan g oan it begjin fan it wurd en it bestean fan sch of sk oan it wurdbegjin. Ut de analyze docht bliken dat it Súd-Lauwerslânsk in kontaktvariëteit is dêr’t op ’en minsten trije taalfariëteiten by behelle binne. Yn it foarste plak is dat it Nederlânsk. Ut de analyze fan de gegevens docht ek bliken dat it Frysk yn de kontaktvariëteit fan Súd-Lauwerslân in rol spilet. De tredde spiler is it Nedersaksysk fan it Grinzer Westerkertier. It Westerkertiersk is in fariëteit mei in tal âlde Fryske skaaimerken dy’t tebek geane op de tiid dat yn Grinslân noch Frysk praat waard. It bysûndere oan it Súd-Lauwerslânsk is dat it in spesifike oergong sjen lit fan it Fryske taallânskip nei it Grinszer.