Skip to main content

Stúdzje Ommelander rjocht ferskynd

Hjoed is de mânske stúdzje Wat is Recht?, in útjefte fan de Fryske Akademy en útjouwerij Bornmeer, presintearre op ’e Allersmaborg yn Ezinge. Yn Wat is Recht? meitsje de auteurs Henk Meijering en Han Nijdam Âldfryske rjochtshânskriften út ’e Grinzer Ommelannen tagonklik foar in hjoeddeisk lêzerspublyk.

Yn ’e midsiuwen wiene de Grinzer Ommelannen in part fan it Fryske rjochtsgebiet, dat rikte fan it Fly (no de Iselmar) oant de Wezer yn Dútslân. Fan ’e tolfde iuw ôf is it rjocht fan dat gebiet op skrift steld, oarspronklik yn it Âldfrysk. Fan it begjin fan ’e fyftjinde iuw ôf waard de skriuwtaal yn ’e Ommelannen it Nederdútsk (Nedersaksysk), sadat dy rjochtsboarnen oerset wurde moasten. Dy oersettings binne yn gâns hânskriften út ’e lette midsiuwen en ’e iermoderne tiid oerlevere. Se jouwe in goed byld fan it Ommelanner rjocht en syn Âldfryske boarnen.

De seishûndert siden tellende stúdzje Wat is Recht? fan Henk D. Meijering en Han Nijdam ûntslút in wichtich part fan ’e neamde hânskriften en rekonstruearret de ûntjouwing fan it Fryske rjochtssysteem yn ’e Grinzer Ommelannen en hoe’t dat yn ’e rin fan ’e tiid ferskillen oplevere ferlike mei it rjocht yn Westerlauwersk Fryslân. Dêrmei wurdt nij ljocht smiten op ’e lange rjochtstradysje yn Noard-Nederlân.

De auteurs Henk Meijering en Han Nijdam hawwe it boek Wat is Recht? fannemiddei presintearre op ’e Allersmaborg te Ezinge. Twa saakkundigen hawwe dêrby reflektearre op it wurk dat presintearre waard: Rolf Bremmer út Âldfrysk perspektyf wei, en Redmer Alma út Ommelanner perspektyf wei. It earste eksimplaar is oerlange oan Egge Knol, de konservator fan it Grinzer Museum, dy’t in grutte en brede ekspertize hat op it mêd fan ’e Grinslanner kultuer.

 

      Wat is Recht? fan Henk D. Meijering en Han Nijdam is te krijen by de boekhannel en by Útjouwerij Bornmeer – www.bornmeer.nl

      ISBN: 978 90 5615 4530
      Siden: 600
      Wize fan binen: Bûn | mei kleurekatern
      NUR: 620
      Taal: Nederlânsk
      Priis: € 39,90

 

Sjoch ek: