Skip to main content

Tips foar Taalweb en Staveringshifker

De meast brûkte staveringshifker foar it Frysk is de saneamde Staveringshifker plug-in, dy’t yn in ferzje foar Microsoft Word en foar Outlook beskikber is (yn Office 2010, 2013, 2016 en 2019). Geregeldwei krije wy fragen oer de ynstallaasje en wurking fan dizze hifkers. Hjirby wat tips foar ynstallaasje en it brûken fan dizze taalhelpprodukten.

Download en ynstallaasje
De staveringshifkers binne te finen op taalweb.frl/downloads en kinne dêrwei ynladen wurde. Gean foar de goede ferzje earst nei oft jo in 32- of 64-bitsferzje fan Office hawwe: klik op Bestand > Office account > Info over Microsoft Word/Outlook. Op de earste rigel stiet de ynformaasje oer jo ferzje. Kies no op Taalweb de goede ferzje fan de staveringshifker en laadt dy yn en ynstallearje dy. Tink derom: it giet by de 32- of 64-bitsferzje om jo Office-ferzje en net om jo kompjûtersysteem. Hawwe jo earder de âlde ferzjes fan dizze hifkers brûkt, romje dy dan earst op, dat garandearret de bêste ynstallaasje.


Persoanlike koade
By de ynstallaasje wurdt frege om in koade foar jo persoanlike staveringslist yn te jaan. Mei dy persoanlike wurdlist kinne jo wurden bewarje dy’t net yn de wurdlist fan de staveringshifker steane. De persoanlike koade wurdt oer de e-mail tastjoerd en kin oanfrege wurde op taalweb.frl/staveringshifker. Kopiearje de tastjoerde koade en folje him yn by it ynstallearjen. Jo kinne dizze stap ek oerslaan en gjin gebrûk meitsje fan de persoanlike wurdlist.


Hifker is net te sjen
Nei ynstallaasje moat yn it menu boppe-oan jo skerm it ‘tabke’ mei ‘Fryske Staveringshifker’ te sjen wêze. As dat net sa is, kin dat komme om’t jo de ferkearde ferzje ynstallearre hawwe (sj. by Download en ynstallaasje). It kin ek wêze dat de hifker noch aktyf makke wurde moat. Klik op Bestand > Opties > Invoegtoepassingen. Yn it rychje programma’s moat Fryske Staveringshifker stean. As dat net sa is, klik ûnderoan by Beheren COM-invoegtoepassing en op start.

Yn it skerm in finkje sette foar Fryske Staveringshifker en op OK klikke. De hifker is no aktyf en moat as ‘tabke’ te sjen wêze yn it lint. Klik op Fryske Staveringshifker foar it menu. De staveringshifker is te sjen yn in sydbalke oan de rjochterkant fan jo skerm. As dat net sa is, klik yn it menu Fryske Staveringshifker op Lit sydbalke sjen.


Taalynstelling
Jo hoege de taal foar it dokumint dat jo meitsje net apart yn te stellen op ‘Fries’, want de hifkers binne aparte programkes (plug-ins, invoegtoepassingen) dy’t los steane fan de ‘gewoane’ staveringshifker foar Word/Outlook.


Trije kleuren
Kontrolearje jo tekst troch op de knop Tekst hifkje te klikken. De staveringshifker sjocht nei staverings- en typflaters, Hollanismen en Farianten. Elk fan dy trije kategoryen wurdt markearre mei in aparte kleur. By farianten giet it om goede Fryske wurden, mar it binne net de meast gongbere foarmen. Tink dêrby bygelyks oan in Wâldfryske foarm as dû (dû sjochst wat bleek), dat yn de wurdboeken as do stiet. It is wol goed, mar de foarkar yn it skreaune Frysk giet út nei do. Krekt sa bygelyks efter foar achter en telefyzje foar tillefyzje. Tip: foardat jo it dokumint opslaan, earst efkes op Wiskje markearringen klikke, om de streken op te romjen.


Mear hifkers
Der is fierder in staveringshifker-app foar Word yn Office 365, foar LibreOffice, Mozilla Firefox en Mozilla Thunderbird. Mear ynformaasje dêroer en oer oare taalhelpprogramma’s fine jo op taalweb.frl.

 

Tekst: Hindrik Sijens, earder ferskynd yn stipersblêd Ut de Smidte 59(1), foarjier 2019.