Skip to main content

Tusken lienwurd en purisme

Wannear't leksikografen wurkje moatte yn in situaasje fan asymmetryske twataligens, dan binne se twongen om de kar te meitsjen tusken it akseptearjen en it ôfwizen fan 'e  ynfloed dy’t de grutte, dominante taal op 'e lytse, swakkere taal útoefenet. Om koart te gean, de leksikograaf moat fakentiden kieze tusken it mear ynboargere lienwurd en it minder gongbere purisme. Yn 'e Fryske leksikografy binne dêr tal fan foarbylden fan te jaan.

De sosjale posysje en de status fan in lytse taal wurdt bepaald troch it tal sprekkers fan dy taal, de steat dêr't de taalsprekkers yn wenje, de steatsfoarm, de ekonomyske en politike situaasje en de skiednis. Dy aspekten beynfloedzje oarsom ek de mooglikheden en ûnmooglikheden fan in relevante twatalige leksikografy.

Dy tematyk wie it ûnderwerp fan in kongres oer 'De rol fan leksikografy yn ’e standerdisearring en purifikaasje fan minder brûkte talen', dat yn april 2015 organisearre waard troch de Fryske Akademy yn Ljouwert (Fryslân), in ynstelling dy’t him ûnder oaren sels mei de leksikografy fan ’e Fryske taal dwaande hâldt. Nei it kongres hawwe de sprekkers har lêzingen ta artikels om- en útwurke. Dy artikels binne no publisearre yn in spesjaalnûmer fan International Journal of Lexicography.

It spesjaalnûmer, ûnder gastredaksje fan Frits van der Kuip en Willem Visser, bringt bydragen gear oer leksikografyske kwestjes yn it Frysk, it Baskysk, it Estysk, de Flaamske gebeartetaal, it Iersk Gaelic en it Welsk.

Gean nei: