Skip to main content

Twa iuwen Dokkum yn kaart

Sûnt hjoed kinne Dokkumers digitaal opsykje wa’t yn it ferline yn har huzen wenne hawwe en wa’t se yn eigendom hiene. De Fryske Akademy hat in ferskaat oan histoaryske bewennersgegevens út it Dokkum fan de 18de en 19de iuw tafoege oan it digitale ynformaasjesysteem HisGIS. Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hat fan ’e moarn it dielportaal HisGIS Dokkum offisjeel iepene, yn it bywêzen fan sa'n fyftich gasten.

HisGIS Dokkum biedt ynformaasje út in ferskaat oan histoaryske boarnen, lykas de kwotisaasje fan 1749, de folkstelling fan 1830 en in rige reëelkohieren út ’e perioade 1750-1805. Yn HisGIS komme gegevens beskikber oer beroppen, libbensoertsjûging, boargerlike status, âldens en fermogen fan Dokkumers fan eartiids. De basis wurdt foarme troch de bekende stedskaart fan Smedema fan 1788, it âldste kadaster fan 1832 en kadastergegevens út 1887. Sa’n rykdom oan histoaryske bewennersgegevens is yn Nederlân net earder op sa’n wize yn kaart brocht.

It útwreide HisGIS Dokkum is it resultaat fan in gearwurking tusken de Fryske Akademy en it Streekargyf Noardeast-Fryslân. Tjeerd Jongsma fan it Streekargyf seit dêroer: ‘Wy binne bliid dat wat yn 2015 begûn as in beskieden projekt om âlde hûsnammen yn kaart te bringen no folle grutter wurden is. Frijwilliger Piet de Haan hat hjir hast twa jier oan wurke.’

Persoanen en perselen

Foar de Fryske Akademy is Dokkum de earste stêd yn it projekt Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen dy’t oplevere wurdt. Dit projekt makket diel út fan it RedBot-programma fan de provinsje Fryslân, dêr’t in grut part fan it Frysk kultureel erfguod yn digitalisearre wurdt.

It projekt Fryslân 1750-1900 bestiet út twa parten. Tenearsten wurdt alle let-njoggentjinde-iuwske kadastrale ynformaasje foar hiel Fryslân ynfierd, en twads wurdt it systeem útwreide mei in mannichte bewenners- en hûsgegevens foar in tal stêden út de 18de en 19de iuw. It projekt is úteinset yn oktober 2015. Nei’t gaadlik en relevant boarnemateriaal identifisearre is, is in ploech meiwurkers fan de Fryske Akademy begûn mei de fektorisaasje (it kompjûtermjittich tekenjen) fan it kaartmateriaal en it oernimmen fan skreaune ynformaasje út allerhanne registers.

Projektlieder prof. dr. Hans Mol sjocht gâns perspektiven foar it útbouwen fan histoaryske ynformaasje oer Fryslân yn HisGIS: ‘Dokkum is de earste stêd dy’t presintearre wurdt. De oare stêden komme yn de rin fan 2017 en 2018 oan bar. Dit projekt iepenet gâns mooglikheden foar nij histoarysk-romtlik ûndersyk.’

Dokkum, ien grutte puzzel

De presintaasje fan HisGIS Dokkum wie fan ’e moarn yn Froedskipsseal fan it stedhûs fan Dokkum. Piet de Haan fertelde oer it projekt Dokkum, ien grutte puzzel. Hans Mol fan de Fryske Akademy joech in taljochting oer HisGIS en de nije mooglikheden fan it dielprojekt Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen. Boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Dongeradiel naam HisGIS Dokkum dêrnei offisjeel yn gebrûk.

Gean nei: