Skip to main content

Twadde Agri & Foodscan presintearre

F.l.n.r. Tineke de Vries (LTO Noord), deputearre Johannes Kramer en ûndersiker Ronald Plantinga.

Hjoed is de twadde Agri & Foodscan Fryslân presintearre op in parsegearkomste by de Fryske Akademy. Johannes Kramer (lânboudeputearre) en Tineke de Vries (regiobestjoerder LTO Noord) hawwe op dizze gearkomste praat oer de takomstperspektiven foar duorsume lânbou.

Yn de Agri & Foodscan Fryslân wurde sifers, trends en ûntjouwings yn de Fryske lânbou op in rychje set. It nijste ûndersyk, dat wijd is oan de ekonomyske en ekologyske duorsumheid fan de Fryske lânbou, docht bliken dat der noch in soad ûndúdlik is oer wat natuerynklusive lânbou yn de praktyk betsjut.

Op nasjonaal nivo wurdt in soad belang hechte oan de omslach nei omrinlânbou (kringlooplandbouw). De provinsje Fryslân ynvestearret yn de ûntwikkeling fan natuerynklusive lânbou. Tagelyk is net dúdlik wat 'natuerynklusyf' krekt ynhâldt en hoe't it boerebedriuw fan de takomst der yn de praktyk útsjen sil. Neffens de skriuwers fan de Agri & Foodscan Fryslân is mear kennis en kunde nedich foar de omslach nei in duorsume lânbou.

Der is yn Fryslân likegoed in soad potinsje oanwêzich foar dy omslach. Ferskate organisaasjes binne belutsen by kennisûntjouwing, mar neffens de auteurs bliuwe oerheidsynvestearrings hjirby krúsjaal. De transysje nei in duorsume produksje fan goede kwaliteit freget ek om systematyske fuortgongskontrôle fan de duorsumens fan de agri-foodsektor. De Agri & Foodscan is dêrta in earste oanset.

Dit is de twadde Agri & Foodscan Fryslân út in searje fan trije. It earste diel joech in oersjoch fan de wichtichste trends en ûntjouwings. It tredde part giet djipper yn op kennis en ynnovaasje.